Hyltsje Hepkes van der Zee (17 oktober 1754 - 10 novimber 1827), ek wol Hieltsje of Hylke neamd, wie in boer út Jonkershuzen en adjunkt-maire (funksje út de tiid fan de Frânske besetting, fergelykber mei wethâlder) fan Tsjerkwert.

H.W.F. (Henk) Aukes beskriuwt him yn syn "Frisia katolika" (it tredde diel: Katolike Fryske Geslachten) sa: Tsjerkje Jans Taekema gie it libben yn mei in nuveraardich man: Hyltsje Hepkes van der Zee. Boer un de Jonkershuzen. Yn Napoleon's tiid wie hy adjunkt-maire en in deftich man. Hy wie âld, sy jong. Niisneamde funksje oefene Hyltsje út yn de gemeente Tsjerkwert, ien fan de gemeenten, wêryn it Frânsk bestjoer de kaart fan Fryslân ferknipt hie.

Hyltsje wenne yn 1828 al op de Hoytema state. Om dizze tiid hinne bloeide it katolisisme yn Fryslân wer op. Dizze religy waard yn 1580 by resolúsje fan de Steaten fan Fryslân so goed as ferbean.
De Hoytema state hie dêrom in ferburgen kapel mei hûsalter. Dêryn stie in let midsiuwske piëta of Need Godsbyldsje, in byldsje fan de Faam Marije mei it deade lichem fan har Godlike soan op 'e skoat.
De Piëta waard troch Hyltsje by syn fertrek út de Hoytema state meinommen. It byldsje is noch altyd by de neisieten fan Hyltsje yn besit.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Frisia Catholica III: Katolike Fryske Geslachten út 1941.
Sjoen de âlderdom is it referearjen oan dit boek frij fan auteursrjochten.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.