Hydatius (sa. 400 - 469) wie biskop fan Aquae Flaviae yn de Romeinske provinsje Gallaecia (nei alle gedachten it hjoeddeiske Chaves, yn Portegal yn it distrikt fan Vila Real). Hydatius is fral bekend troch syn kroniken dêr't ferslach yn dien wurdt fan foarfallen út syn eigen tiid, en dy't ús de bêste ynformaasje jouwe fan de skiednis oer Spanje yn de fiifde iuw.
Yn syn jonge jierren makke hy in reis nei Egypte en Judea, wêr't er de tsjerkfaar Hiëronymus mette, dy't grutte yndruk op him makke. Letter doe't de Romeinske macht ynstoarte, fersette hy him tsjin de Suevyske oerweldigers. Hy waard finzen setten op befel fan Frumar, kening fan de Sueven en brocht de lêste moannen fan syn libben troch yn finzenis. Neffens Hydatius wie de ein fan it West-Romeinske ryk in teken fan de eintiid.