Hüsem Husum | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Sleeswyk-Holstein. | |
Kreis | Noard-Fryslân | |
Boargemaster | Rainer Maaß (SPD) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 23.249 (2020) | |
Oerflak | 25,82 km² | |
Befolkingsticht. | 900 / km² | |
Hichte | 14 m | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.husum.org – Webside fan de stêd Husum |
Hüsem (Dútsk: Husum) is de haadstêd fan Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn Hüsem wennen 22.338 minsken yn 2007 en yn 2020 23.249.
Skiednis
De namme Hüsem wurdt yn 1409 foar de earste kear brûkt.
De âldste stedskronyk giet werom nei it jier 1252. De Kening Abel fan Denemark besocht in nije belesting yn Noard-Fryslân yn te fieren mar de Friezen wegeren dat. Abel besleat om de Friezen oan te pakken, en stoar yn de striid by Husembro (Hüsembrêge).
Lykas de measte plakken oan de Noardsee, is Hüsem en omkriten ek tige beynfloede troch stoarmfloeden. By de ellindige stoarmfloed fan 1362, de Grote Mandrenke[1], strûpte de stêd ûnder en ûntstie der in ynholte. Dêrfoar lei Hüsem net oan de kust. De stêd die syn foardiel dêrmei en waard in merkplak dat ta in grutte ekonomyske opgong late.
Tusken 1372 en 1398 groeide de befolking fan Hüsem bot en waarden twa doarpen stifte, Oster-Husum (East-Hüsem) and Wester-Husum (West-Hüsem).
Twadde Wrâldoarloch
Yn 1940 waarden ferskate ûnderdielen fan de kriichsmacht fan nazy-Dútslân yn en om Hüsem legere; der wie ûnder oare in militêr fleanfjild (in Fliegerhorst), in kazerne fan de Kriegsmarine en in offisiersoplieding (Kriegsschule).
It 5 km noardeastlik fan de stêd lizzend kamp Husum-Schwesing (Dútsk: Konzentrationslager Husum-Schwesing), yn de gemeente Schwesing, wie fan septimber oant ein desimber 1944 in bûtenkamp (Aussenlager) fan it konsintraasjekamp [[Neuengamme] ]. De finzenen moasten ûnder tige swiere omstannichheden en faak slein troch sadistyske kampbewakers yn taaie klaaigrûn allinne mei de skeppe in 4 meter brede en 3 meter djippe tankgrêft, de "Friesengraben", oanlizze. [2] Doe 't ein 1944 dizze tankgrêft militêr-strategysk nutteleas bliken dien hie, waard it Aussenlager sletten en waarden de finzenen werombrocht nei Neuengamme. Yn Husum-Schwesing binne nei skatting 297 finzenen om it libben kaam. Op it plak is in betinkingsgebou oanwêzich (' Haus der Gegenwart ' ). Yn maaie 1945 waard de kazerne oan de Britske besettingstroepen oerdroegen.
Geografy
Hüsem leit oan de Noardsee, 43 km súdeastlik fan Flensboarch.
Stedsdielen
De wichtichste stedsdielen fan Hüsem binne:
- Innenstadt
- Nordhusum
- Porrenkoog
- Osterhusum, Osterhusumfeld
- Altstadt
- Norderschlag
- Dreimühlen
- Rödemis
- Fischersiedlung
- Neustadt
- Gewerbegebiet Ost
- Kielsburg
- Rosenburg
- Schobüll
- Halebüll
- Hockensbüll
- Lund
Ynwennertal
|
|
|
|
Musea
- It Theodor-Storm-Haus is in museum oer Theodor Storm.
- It Noard-Fryske Museum Ludwig-Nissen-Haus hat histoaryske keunst- en kultuerûnderwerpen.
- It Schloss vor Husum kin yn de König-Friedrich-V.-Allee besjoen wurde.
- Skipfeartmuseum.
- It Ostenfelder Bauernhaus is it âldste Dútske iepenloftmuseum
- It Poppenspäler Museum hat poppeteäter as tema.
- It Nissenhaus mei it Nordsee Museum Husum
- Skipfeartsmuseum
- Theodor-Storm-Haus, wenkeamer
Underwiis
Gymnasium
- Hermann-Tast-Schule, humanistysk gymnasium sûnt 1527.
- Theodor-Storm-Skoalle
Middelbere skoallen
- Gesamtschule Husum-Nord
- Ferdinand-Tönnies-Skoalle
- Husum Danske Skole (Deenske skoalle)
Basisskoallen
- Iven-Agßen-Schule, sûnt 1619, ien fan de âldste legere skoallen fan Dútslân.
- Boargerskoalle
- Klaus-Groth-Skoalle
- Bornskoalle yn Schobüll
Ferneamde ynwenners
- Adolf Brütt (1909)
- Hermann Tast (1490−1551), Protestantsk reformator[3]
- Johannes Mejer (1606–1674), kartograaf[4]
- Peter Axen (1635–1707), jurist, filolooch, humanist en diplomaat[5]
- Nicolaus Bruhns (1665-1697), hie in protte ynfloed op Johann Sebastian Bach, wie oargelist yn Hüsum fan 1689 oant 1697.
- Theodor Storm (1817−1888), Dútsk romanskriuwer
- Janina Uhse (1989), aktrise
- Wiebke Puls (1973), aktrise en sjongster
- Fanny zu Reventlow (1871-1918), Dútsk skriuwer en oersetter
- Oskar Vogt (1870-1959), Dútsk neuro-anatoom/breinwittenskipper
- Jan Wayne (* 1974) DJ, sjonger en plateprodusint
- The Destiny Program (earder Destiny), in hardcore/metalcore band op it heden Nuclear Blast neamd
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|