Earste Hunsinger Hânskrift

It Hunzinger Lânrjocht, ek wol bekend as de Hunzinger kodeks is in midsiuwsk hânskrift, dêr't it doedestiids rjocht fan Hunzegoa fêstlein is. De âldste ferzje fan it hânskrift, is skreaun yn it Aldfrysk en datearret likernôch fan 1250. Omdat perkamint yn dy tiid djoer wie is de tekst hiel deun op inoar skreaun.

De tekst set útein mei in gedicht dêr't fan oannommen wurdt dat it de âldst oerlevere poëzij is yn it Aldfrysk. It gedicht jout in beskriuwing fan it saneamde Karelsprivileezje dat troch keizer Karel de Grutte oan de Frije Friezen ferliend waard.

Gedicht

Thit was to there stunde tha thi kening kerl riuchta bi gunde. Tha waster ande there saxinna merik liudingerus en hera fele steric. Hi welde him alsa waldlike tha gethan ther hi fon riuchta scolde bi halda tha kening kerlis kairslica rike. Ac welde hi ma duan hi welde tha sterka fresan under sinne tegetha tian. Hi bi badit efter alle sine rike thet ma hine heta scode.

Nei it gedicht folge ûnder mear in ferzje fan de 17 Keuren en 24 Lânrjochten.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.