In foto fan in bekend foarfal út 1995, wêrby't de Amerikaanske presidint Bill Clinton en syn Russyske amtsgenoat Boris Jeltsin slop fan laitsjen rekken.

Humor, yn wat argaysk Frysk ek koartswyl, is in sitewaasje of útspraak dy't as grappich, fermaaklik of komysk wurdearre wurdt en ta fermaak en faak ek laitsjen liedt. Gefoel foar humor is it fermogen om it ien of oar as humor te wurdearjen of om sokke dingen ta útdrukking te bringen mei wurden, dieden of op skreaune wize. It wurd "humor" komt fia it Frânske humour, mei deselde betsjutting, fan it Latynske humor, dat "lichemsfloeistof" betsjut. De term komt fan 'e (no folslein efterhelle) humorale genêskunde fan 'e Alde Griken, dy't mienden dat it lykwicht tusken de lichemsfloeistoffen fan it lichem, de humoaren, de sûnens en emoasjes fan 'e minske bepaalden.

Der besteane in grut ferskaat oan foarmen fan humor, lykas absurdisme, drûge humor, irony, karikatueren (wêrûnder ek de Belgemop en grappen oer domme blondsjes), leedfermaak, parody, poep-en-pishumor, sarkasme, satire, selsspot, synisme, slapstick, spot, swarte humor, ûnderbroekewille en wurdboarterij.

Humor wurdt ûnderfûn troch minsken fan alle leeftiden en alle kultueren, om't alle minsken wol in beskaat gefoel foar humor hawwe. As men oer in persoan seit dat dy gjin gefoel foar humor hat, bedoelt men eins dat dy in oar gefoel foar humor hat as jinsels. In hypotetyske (want net-besteande) persoan dy't hielendal gjin gefoel foar humor hat, soe it hâlden en dragen dat ynjûn wurdt troch it ûnderfinen fan humor perfoarst ûnbegryplik, nuver of sels yrrasjoneel fine. Ek oer beskate etnyske groepen (lykas Dútsers) wurdt wol sein dat se gjin gefoel foar humor hawwe. Ek dat is net wier; it is inkeld dat it soarte humor út harren kultuer lju út oare kultueren minder oansprekt en dat it soarte humor út oare kultueren harren wer minder oansprekt.

Der binne ferskate fariabelen dy't yn hegere of mindere mjitte ynfloed útoefenje op jins gefoel foar humor, lykas geografyske lokaasje, kultuer, leeftyd, nivo fan ûnderwiis en yntelliginsje. Jonge bern jouwe bygelyks faak de foarkar oan slapstick, wêrfan't it fysike aard it foar harren tagonklik makket, of oan poep-en-pishumor, dat ienfâldich en foar eltsenien te begripen is. Foar it begryp fan mear ferfine foarmen fan humor, lykas satire, is nammentlik ferlet fan kennis fan 'e maatskiplike kontekst, en sokke foarmen binne dêrom inkeld tagonklik foar in folwoeksener publyk. Nettsjinsteande dat is gefoel foar humor in tige subjektyf ferskynsel, dat úteinlik benammen bepaald wurdt troch persoanlike smaak. Wêr't de iene him de bûsen om útskuort, kin in oar flau, ûnfoechsum of ûnbegryplik fine.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.