Hudiksvall
Huzen oan de haven
Huzen oan de haven
Polityk
LânSweden
ProvinsjeGävleborgs län
LânskipHälsingland
Sifers
Ynwennertal15.015 (2010)
Oerflak10,08 km²
Befolkingsticht.1490 / km²
Oar
Stifting1582
TiidsôneCET (UTC+1)
Offisjele webside
Webside fan de gemeente (dú) (in)
Yn it sintrum

Hudiksvall is de haadstêd fan de gemeente Hudiksvall yn it lânskip Hälsingland en de provinsje Gävleborgs län yn Sweden.

De stêd leit oan it Hudiksvallsfjärden, in baai fan de Botnyske Golf, en oan de Europeeske wei 4. Grutte plakken yn de omkriten binne Gävle en Sundsvall; Gävle leit leit op likernôch 130 kilometer besuden de stêd en Sundsvall op sa'n 80 kilometer benoarden.

Hudiksvall syn typyske havenhuzen binne ferneamd. Ek it besjen wurdich is de tsjerke Hudiksvalls kyrka, dy't tusken 1643 en 1672 set waard.

Skiednis

Hudiksvall krige stedsrjochten yn 1582. De stêd hat sa'n 10 grutte brannen te fernearen hân. De grutste wie yn 1721 doe't de stêd yn de brân stutsen waard troch de Russen yn de Grutte Noarske Oarloch; in grut part fan de stêd waard doe ferneatige. It strjitplan fan it Hudiksvall fan no stammet út 1792, doe't de stêd makke wurde moast nei in oare grutte brân. De lêste stedsbrân wie yn 1906.

Berne yn Hudiksvall

  • Rut Björkman, Sweedsk skriuwster
  • Daniel Rickardsson (15 maart 1982), langlaufer, Olympysk kampioen
  • Noomi Rapace (28 desimber 1979), aktrise
  • Albin Stark, arsjitekt
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.