De Hoytemastate stie yn Jonkershuzen en hie in oerflakte van 92 pûnsmiet en 33 bunders.
De state wie neamd nei Homme Hoytema (ek bekend as: Homme Hoytema fan Ockema), de (foar safier bekend) ienige aadlike bewenner dy't Buwaldabuorren wierskynlik ea hân hat.
Boppe de poarte fan de pleats liet Homme yn 1660 in wapenstien ynmitselje wêrop in nij wapen te sjen wie: Hoytema fan Ockema. De âlde wapens Hoytema en Ockema waarden kombinearre.
Homme boaske in Siu Oenema út Bualda. Har famylje wie al lange tiid eigener fan de state. Hjirnei bewennen noch inkele generaasjes Hoytema de foarname state. Sels op lânkaarten stiet de Hoytemastate.
Yn 1779 is de state ôfbrutsen en werboud. Yn 1906 is de state finaal ôfbrutsen en waard de terp wêrop dizze stie ôfgroeven. By it ôfgraven fan de terp waard in sittende skrinkelman fûn.
List fan eigeners fan de Hoytemastate
Jier | Brûker | Eigener |
---|---|---|
1503 | Abbe Gerckes toe Bualda | Tryn Haersma |
1525-1526 | Gatze Abbes fan Oenema | Fan Broersma |
1578 | Sibble Gatzes Oenema | Siu Andlesdr. Rispens |
voor 1640 | Siu Oenema út Bualda | Homme fan Hoytema |
1640 | Auck Hoytema út Bualdabuyren en Sybolt Taeckles Ockema (echtpear) | Auck Hoytema út Bualdabuyren en Sybolt Taeckles Ockema |
1670 | Homme Hoytema fan Ockema | Homme Hoytema fan Ockema |
1698 | Sybolt & Margaretha fan Hoytema | De bern en erfgenamten fan Rombartus fan Hoytema silger |
1708 | Sybolt en juffer Maria fan Hoytema | Sybolt en juffer Maria fan Hoytema |
1718 | Sybolt en juffer Maria fan Hoytema | Evers Tjerckes |
1728 | Ysbrand Tjalles | Feyte Martens |
1738 | Ysbrand Tjalles | Jan Tjerx's widdo |
1748 | Ysbrand Tjalles | Minse Wybes |
1758 | Ysbrand Tjalles | Wybe Teekes |
1768 | ½ Epke de Roos | Hepke Laaszes' widdo (de famylje naam yn 1812 de namme "Van der Zee" oan) |
½ Jelle de Roos | ||
1778 | ½ Epke de Roos | Hepke Laaszes' widdo |
½ Jelle de Roos | ||
1788 | Epke de Roos | Johannes Hepkes (van der Zee) |
1798 | Epke de Roos | Johannes & Zijltje Hepkes (van der Zee) |
1818 | E. Bynnema | Fokke, Jetje, Jacoba, Lodenia, Elbrig Hyltje Hepkes van der Zee |
1828 | Petronella Adriana Bienema | Hyltsje Hepkes van der Zee |
1838 | Petronella Adriana Bienema | Hepke Hyltjes van der Zee |
1843 | Djurre Hanzes Zijsling en Tjerkje Oeges Breeuwsma (echtpaar) | Djurre Hanzes Zijsling en Tjerkje Oeges Breeuwsma |
1876 | Hans Djurre Zijsling en Wopkjen Rusticus (echtpear) | Hans Djurre Zijsling en Wopkjen Rusticus |
1883 | Rienk Teakes van der Weij en Jiskjen Asma (echtpaar) | Rienk Teakes van der Weij en Jiskjen Asma |
1899 | Rients Taekes van der Weij | Rients Taekes van der Weij |
1900 | Fan 7 maaie 1900 oant 1906 lichtwol ûnbewenne | |
Keppeling om utens
- Webstee Tsjerkwert, wêrûnder it skreaune materiaal fan Jacob Ysbrand Galama.