Hoyte Stoffels Roucoma (Reduzum, 1661 - Dronryp, 1719) wie in skoalmaster, koster, oargelist en skriuwer.

Hy hat in, foar in diel printe, kurieuze kronyk (memorael) fan Dronryp skreaun (1682-1718). Dy wurdt bewarre yn it Ryksargyf yn Ljouwert. Skriuwkladden fan Roucama wurde bewarre yn it Frysk Museum.

Oar

Roucoma syn kronyk wie ek in weardefolle boarne foar Jan Buisman syn boeken oer it waar yn it ferline. [1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Fryslân voorloper in weerkundig onderzoek, Frysk Deiblêd, 20 febrewaris 2006
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.