In houtblaasynstrumint is in blaasynstrumint. Oars as wat de namme tinken docht, hoecht in houtblaasynstrumint net fan hout makke te wêzen. De oantsjutting jildt net it materiaal dêr't it ynstrumint fan makke wurdt, mar de wize wêrop it bespile wurdt. By in houtblaasynstrumint wurdt de toan makke troch in labium (b.g. dwersfluit), in inkeld (bygelyks saksofoan) of in dûbeld-reid (b.g. fagot).

Dat jildt yndie foar in protte houten ynstruminten dy't bespile wurde, mar ek ûnder oaren foar in dwersfluit en in saksofoan dy't ek by de houtblaasynstruminten hearre mar net fan hout makke binne.

Immen dy't in houtblaasynstrumint bespilet is in houtblazer.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.