Daumier fotografearre troch Nadar.

Honoré Daumier (Marseille, 26 febrewaris 1808 — Valmondois, 10 febrewaris 1879) wie in Frânsk grafikus, karikatuerist, keunstskilder en byldhouwer.

Libben en wurk

De ynbylde sykte

Doe't er noch libbe wie Daumier foaral bekend as polityk en sosjaal satirikus. Nei syn dea kaam der ek wurdearring foar de estetyske kwaliteit fan syn skilderijen en byldhouwurken.

Daumier waard ynearsten grafysk keunstner nei in oplieding litografy. Yn 1832 waard er fanwegen majesteitsskeining foar seis moannen fêstset nei it meitsjen fan in monargy-krityske satire oer Loadewyk Filips fan Frankryk, dy't er as Gargantua ôfbylde. Sûnt ein jierren fjirtich brûkte er faker wetterferve en oaljes yn stee fan litografyen.

Daumier waard bewûndere troch Camille Corot (dy't him fan de earmoede rêde doe't er blyn wurden wie), Eugène Delacroix, Charles Baudelaire, Honoré de Balzac en in protte 20e-iuwske ekspresjonisten.

Tsjin 1873 wie Daumier benei hielendal blyn. Hy stoar yn de âldens fan 70 jier en waard beïerdige op Père Lachaise yn Parys.

In wurk fan Daumier, Kristus en syn apostelen, hinget yn it Ryksmuseum Amsterdam. Daumiers spotprinten op abbekaten en rjochters binne noch altiten tige populêr ûnder juristen en siere mannich abbekatepraktyk. Mear as 7500 wurken fan Daumier wurde bewarre yn it Hammer Museum yn Los Angeles. Ek it Louvre hat wurk fan him.

Galery

Keppelingen om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.