Homo habilis wie in minskesoarte dy't om-ende-by 2,2 oant 1,5 miljoen jier lyn libbe hat yn East-Afrika. De soart wie lytser as de tsjintwurdige minske; syn lingte wie nei skatting tusken 1.20 meter en 1.55 meter. Der binne mar amper fossile resten fûn fan de Homo habilis. Neffens guon ûndersikers binne de resten te primityf om yn it geslacht Homo te passen en soe pleatsing yn Australopithecus better op syn plak wêze.
Yn alle gefallen waard stiennen ark oan de Homo habilis taskreaun en dêrmei soe dizze soart de earste minskesoart wêze. De omkriten dêr't fossilen fan Homo habilis fûn binne, leinen eartiids yn de savanne. Utsein Afrika binne fierders gjin fynsten dien fan de Homo habilis.
- Plasse fan de Homo habilis
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.