Hollânsk-Fryske mingdialekten | ||
algemien | ||
lokaasje | de Fryske stêden, Kollum, it Hearrenfean, it Bilt, it Amelân, Midslân | |
tal sprekkers | ±57.000 | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Fryske mingdialekten | |
subgroepen | ● Amelânsk ● Biltsk ● Midslânsk ● Stedsk |
De Hollânsk-Fryske mingdialekten binne in groep besibbe dialekten binnen it gruttere ferbân fan it Hollânsk, dy't ûntstien binne troch ferminging mei it Frysk. Dêrby giet it om it Biltsk, it Amelânsk, it Midslânsk en de ûnderskate Stedske dialekten.
Guon fan dy taalfoarmen binne yn 'e sechstjinde en de santjinde iuw ûntstien troch in ynfluks fan Hollânske kolonisten. Yn it gefal fan it Bilt gie it dêrby om polderwurkers en boeren, dy't de mûning fan 'e âlde Middelsee drûchmakken en har der doe nei wenjen setten. Meitiid rekke harren Hollânsk ferbastere ta in mingtaal. Yn 'e gruttere plakken wiene it de bestjoerders dy't út it bûtenlân kamen, de elite dus, wa har spraakgebrûk oft troch de sljochtwei stedsjers oernommen waard en dêrby fermongen mei har oarspronklike Fryske sprektaal.
In selde ûntjouwing fûn yn 'e sechstjinde iuw plak op it Waadeilân Skylge, dêr't it doarp Midslân de sit fan it Hollânske bestjoer wie. Ek op it Amelân is sprektaal fan 'e befolking ferhollânske, in proses dat yn 'e sechstjinde iuw yn it westen fan it eilân begûn en yn 'e achttjinde iuw op it eastlike part einige. Mooglik spile ek dêr in rol dat it Hollânsk de bestjoerstaal wie, al is noch altyd net dúdlik wêrom't de beide úteinen fan Skylge, dat fan 1398 oant 1942 ûnderdiel fan Hollân wie, har Fryske dialekten beholden hawwe, wylst it Amelân, dat oant 1795 in selsstannich steatsje wie, ûntfryske rekke is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Talen en Dialekten yn Fryslân | ||
---|---|---|
Frysk | Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk) | |
Hollânsk | Hollânsk-Frysk | Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk) |
Westfrysk | Flylânsk † | |
Nedersaksysk | Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk) |