Holikatsjûk
algemien
oare namme(n)Innoko
eigen nammeDoogh Qinag
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers( 2012)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeDené-Jenisejaansk
  Na-Dené
    Ejak-Atapaskysk
      Atapaskysk
        Noardatapaskysk
          Holikatsjûk
taalstatus
offisjele status Alaska
taalkoades
ISO 639-3hoi

It Holikatsjûk (Ingelsk: Holikachuk; Holikatsjûk: Doogh Qinag), ek wol Innoko neamd, is de útstoarne taal fan 'e Holikatsjûk, in lyts Yndiaansk folk dat oarspronklik yn it sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Alaska libbe. De taal heart ta de Noardatapaskyske taalgroep en is besibbe oan 'e measte oare Yndiaanske talen út Alaska. De lêste sprekker stoar yn 2012. Nettsjinsteande dat krige it Holikatsjûk yn 2014 mei alle oare lânseigen talen fan 'e steat in offisjele status taparte yn Alaska.

Taalbesibskip

It Holikatsjûk heart ta de Middenalaskaansk-Yukoneeske subgroep fan 'e Noardatapaskyske taalgroep, krekt as de measte Yndiaanske talen fan Alaska. It is fierders besibbe oan 'e oare Noardatapaskyske talen, lykas it Sarsy (Sarcee) fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De Noardatapaskyske talen foarmje mei de Pasifysk-Atapaskyske talen, lykas it Kato (Cahto), en de Súdatapaskyske talen, lykas it Navaho (Navajo), de gruttere Atapaskyske taalfamylje, dy't sels wer ta de Na-Dené-talen heart. Yn 'e Middenalaskaansk-Yukoneeske groep stiet it Holikatsjûk kwa taalskaaimerken healwei tusken it Ingalik (Ingalik) en it Kojûkon (Koyukon) yn. Taalkundich is it it Kojûkon it neist, mar kwa maatskiplike ynfloeden hat it folle mear gemien mei it Ingalik.

Taalgebiet

It Holikatsjûk waard oarspronklik sprutsen yn it Binnenlân fan Alaska, yn in krite oan 'e boppe- en middenrin fan 'e rivier de Innoko. Dêrfandinne dat it ek wol oantsjut wurdt as Innoko. It wichtichste doarp fan 'e Holikatsjûk yn dy krite hiet ek Holikachuk (yn it Holikatsjûk: Hiyeghelinhdi). Yn 1962 ferfear de hiele etnyske groep nei Grayling, in doarp oan 'e ûnderrin fan 'e rivier de Yukon, dat krekt binnen de regio Súdwest-Alaska falt.

In lânkaart dy't it oarspronklike taalgebiet fan it Aatna (Ahtna) oanjout. It oarspronklike taalgebiet fan it Holikatsjûk is op dizze kaart it gebiet mei nû. 6.

Skiednis

Hoewol't it Holikatsjûk troch taalkundigen al yn 'e 1840-er jierren oantsjut waard as in selsstannige taal, waard it pas yn 'e 1970-er jierren definityf as sadanich erkend. Yn 1978 stalde James Kari in beheind wurdboek fan it Holikatsjûk gear, mar nettsjinsteande dat is it noch altyd ien fan 'e minst dokumintearre en bestudearre lânseigen talen yn Alaska.

Yn april 2014 karde it Steatskongres fan Alaska lykwols mei oerweldigjende mearderheid in wetsfoarstel goed dat alle tweintich lânseigen talen fan 'e steat, wêrûnder it Holikatsjûk, in offisjele status jaan soe. Op 23 oktober 2014 ûndertekene gûverneur Sean Parnell de nije wet, sadat dy fan krêft waard. De lânseigen talen hawwe in legere offisjele status as it Ingelsk, en de oerheidsynstânsjes fan Alaska hoege har dan ek net fan 'e minderheidstalen te betsjinjen. De offisjele status is sadwaande fierhinne symboalysk.

Tal sprekkers

De Holikatsjûk binne in tige lytse etnyske groep fan 180 minsken. Fan harren sprieken yn 2007 inkeld noch fiif leden fan 'e âlderein de eigen taal floeiend. Yn maart 2012 kaam Wilson Deacon, de lêste memmetaalsprekker fan it Holikatsjûk, te ferstjerren. De taal stoar dêrmei út. It Holikatsjûk wurdt lykwols formeel oantsjut as "sliepend" (dormant), mei't men hopet om 'e taal yn 'e takomst wer nij libben ynblaze te kinnen.

Inkele foarbylden

  • łoogg - fisk
  • łoogg dood mininh iligh - novimber (letterlik: "moanne as de ielen komme")
  • giggootth - skobben
  • q’oon’ - fiske-aaikes

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.