In holding (in ferkoarting fan 'e Ingelske term holding company, "hâldbedriuw") of ek wol in kontrôlemaatskippij is in fennoatskip dy't hierargysk sjoen it heechste, meast omfiemjende bedriuw is binnen in groep fan ûndernimmings. De holding is de memme-ûndernimming fan in concern. De oandielen fan 'e oare bedriuwen fan 'e groep, de saneamde wurkûndernimmings of wurkmaatskippijen, binne ûnderbrocht yn 'e holding, en it bestjoer fan 'e holding funksjonearret as de mienskiplike lieding fan it hiele concern. In holding produsearret sels neat en hellet syn winst inkeld út 'e opbringsten fan oandielepartisipaasjes, benammentlik út 'e útkearde dividinden.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.