In hockeywedstriid

Hockey (fan it Ingelske hockey) is in balsport dy't spile wurdt mei twa teams fan alve spilers op in fjild (fanâlds fan gers, hjoeddedei meast keunstgers). It doel fan it spul is ôm de bal yn it doel (goal) fan it oare team te krijen mei in saneamde hockeystick (stok). Der binne tsien fjildspilers en ien keeper.

Hockey is in Olympyske sport; sjoch foar in oersjoch Hockey op de Olympyske Simmerspullen. Lannen dêr't it hockey tige populêr is binne û.o. Nederlân, Dútslân, Spanje, Argentynje, Yndia en Pakistan.

Yn Nederlân (en dus ek yn it Frysk) wurdt ûnder hockey gewoanlik it boppe beskreaune fjildhockey ferstien. Yn in protte oare lannen is iishockey lykwols populêrder en wurdt mei hockey dy sport bedoeld. Noch in oare foarm is strjithockey.

Dit artikel is in stobbe oer sport.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.