Hokkaido (Japansk: 北海道, Hokkaidō; Ainû: アィヌ・モシリ, Aynu-Mosir) is it op ien nei grutste eilân fan Japan en teffens it noardlikste fan 'e fjouwer Japanske haadeilannen. De namme betsjut letterlik "provinsje yn 'e noardlike see". Foarhinne stie Hokkaido bekend as Ezo (of ek wol as Yezo, Yeso of Yesso).
Geografy
Hokkaido wurdt hast hielendal omjûn troch iepen see. Yn it súdeasten en easten leit de Stille Oseaan, yn it noarden de See fan Ochotsk en yn it westen en súdwesten de Japanske See. Yn it suden wurdt Hokkaido fan Honsjû, it grutste Japanske eilân, skaat troch de Strjitte fan Tsugaru, mar dêrûndertroch rint de Seikantunnel, dy't de beide eilannen mei-inoar ferbynt (al is dy útslutend tagonklik foar treinferkear).
Yn it uterste noarden foarmet de Strjitte fan La Pérouse, dy't de Japanske See en de See fan Ochotsk mei-inoar ferbynt, de skieding tusken Hokkaido en it grutte Russyske eilân Sachalin, wylst yn it noardeasten de súdlikste eilannen fan 'e arsjipel fan 'e Koerilen fuort ûnder de kust fan Hokkaido lizze. (De Koerilen binne Japansk grûngebiet dat oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Russen beset is en noch altyd net weromjûn is.)
Hokkaido beslacht yn totaal in oerflak fan 77.981,9 km², wat delkomt op sa'n 20,6% fan it Japanske grûngebiet. It binnenlân fan it eilân bestiet fierhinne út berchtme, en it heechste punt is de berch de Asahi-dake, mei in hichte fan 2.290 m.
Demografy
Yn 2010 hie Hokkaido in befolking fan goed 5,5 miljoen minsken, dy't foar it meastepart yn it suden fan it eilân wennen. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 66,4 minsken de km². Hoewol't Hokkaido yn grutte it twadde eilân fan Japan is, nei Honsjû, moat it kwa ynwennertal ek Kjûsjû noch foargean litte.
Oarspronklik waard hiel Hokkaido bewenne troch de Ainû in lânseigen folk dat net oan 'e etnyske Japanners besibbe is. De Japanske kolonisaasje fan it eilân sette om 1450 hinne útein, mei as gefolch dat de Ainû úteinlik in minderheid yn eigen lân waarden. Hjoed de dei binne der noch 25.000 Ainû oer, dy't yn 'e Japanske maatskippij eins folslein marzjinalisearre binne. Harren lot is dat fan 'e Yndianen yn Noard-Amearika net wanlyk.
De grutste stêd fan Hokkaido is Sapporo, dat in ynwennertal fan 1,9 miljoen minsken hat, en dêr't yn 1972 de Olympyske Winterspullen holden waarden. Oare grutte stêden binne Hakodate, Asahikawa, Kushiro, Obihiro, Kitami, Abashiri en Nemuro. Bestjoerlik foarmet Hokkaido ien inkele Japanske regio, dy't ek út ien inkelde prefektuer (sis mar in provinsje) bestiet, nammentlik de prefektuer Hokkaido.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.
|