Keizerinne Eugénie Omjûn troch Har Hofdames, in skilderij fan Franz Xaver Winterhalter út 1855.

In hofdame is in froulike funksjonaris yn in hofhâlding, dy't tsjinnet as assistinte fan in keizerinne, keninginne, prinsesse of oare hege ealfrouwe. Histoarysk wie in hofdame yn Jeropa ornaris sels ek fan adel, mar dan fan in legere stân as har masteresse. It kaam foar dat sokke froulju by harren masteresse (of faker de man of heit fan harren masteresse) yn 'e tsjinst stiene, mar ek wol dat se it wurk ûnbetelle diene. Yn beide gefallen waard in hofdame mear beskôge as in hôvelinge as dat se ta it tsjinstfolk rekkene waard. Yn oare parten fan 'e wrâld wie in hofdame eins in tsjinneresse of in slavinne, oan wa't likegoed deselde taken tabetroud waarden as oan mindere ealfroulju yn Jeropa.

Yn 'e praktyk ferfollen hofdames foar harren masteresse ornaris de funksjes fan selskipsdame en sekretaresse. Oan hôven dêr't polygamy praktisearre waard, lykas oan it hôf fan 'e sultans fan it Osmaanske Ryk, wiene hofdames iepentlik beskikber foar de monarch om seksuele tsjinsten oan him te ferlienen. Hofdames dy't by him yn 'e geunst kamen te stean, koene dan opklimme ta syn konkubine of sels gemalinne.

Wa't sizzenskip hie oer it oanstellen fan hofdames, ferskilde nei lân en kultuer. It koe wêze dat hofdames útkeazen waarden troch de ealfrouwe dy't se tsjinje soene, mar it kaam ek in protte foar dat se selektearre waarden troch de man, heit of broer fan dyselde. Yn it lêste gefal gie it der dan faak om dat se harren masteresse it goede foarbyld jaan soene fan hoe't in ealfrouwe har hearde te hâlden en dragen, of oars wie it ferjaan fan sokke funksjes gauris in ompartsjen fan beleannings oan legere aadlike famyljes. Sels as in ealfrouwe de frijheid hie om har eigen hofdames út te sykjen, wie har kar yn 'e regel beheind troch tradysje en praktyske omstannichheden.

Yn in protte Jeropeeske monargyen besteane noch altyd hofdames. Oan it Nederlânske Keninklik Hôf steane dy ûnder lieding fan 'e grutmasteresse. Yn 'e njoggentjinde iuw wiene der yn Nederlân twa rangen fan hofdames, ôfhinklik fan 'e fraach oft se troud wiene of net. De dames du palais wiene troud en folgen yn rang op 'e grutmasteresse; de erejoffers wiene (noch) net troud en hiene de leechste rang. Tsjintwurdich wurdt sok ûnderskie net mear makke. Under keninginne Beatrix wiene der sân hofdames, dy't inkeld in ûnkostefergoeding krigen, mar gjin salaris. Hja beselskippen de keninginne en oare leden fan it Keninklik Hûs by offisjele gelegenheden út en thús. Yn dy tiid wie in part fan 'e hofdames al net mear fan adel.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.