De Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen wiene boargeroarloch yn it Midsiuwske Greefskip Hollân tusken twa partijen: de Hoeken en de Kabbeljauwen. Dit sawat hûndert jier duorjende konflikt fûn plak yn de twadde helte fan de 14e en de 15e iuw, en waard foar it meastepart yn Hollân en West-Fryslân útfochten, hoewol't omlizzende gebieten lykas Seelân, Utert, Gelre, Brabân en Fryslân der út en troch ek by belutsen waarden.

Oarsprong

De oarsprong fan it konflikt begûn mei it sûnder bern ferstjerren fan greve Willem IV fan Hollân yn 1345. Syn suster Margaretha fan Beieren, Hollân en Henegouwen folge him dêrom op. Mar ek har soan, de lettere Willem V, krige bestjoerlike macht. Tusken mem en soan begûn in konflikt om de macht, dat him fluch oer hiel Hollân fersprate.

Yn 1349 kamen der konflikten tusken de Hoeken en de Kabbeljauwen. De liedende aadlike famyljes - Fan Wassenaer, Fan Polanen, Fan Brederode, Fan Kralingen en Fan Raaphorst – waarden út harren funksjes setten. Dizze groep famyljes waarden Hoeken neamd. Delft keas al gau partij foar de Kabbeljauwen. Dêrnei liet Albrecht fan Beieren, dy’t yn 1358 de macht fan syn broer oernaam, Rotterdam fersterkje as steunpunt yn de regio. Doe't yn 1392 de minnaresse Aleid fan Poelgeest fan greve Albrecht troch Hoeken yn Den haach fermoarde waard, naam greve Albrecht wraak troch kastielen fan eallju dy’t party foar de Hoeken keazen hienen te ferneatigjen. Ek oermastere hy Delft, dat doe al de Hoekske kant keazen hie.

Partijen

Eallju en stêden keazen al gau partij. Hokker partij keazen waard hie faak te krijen mei besteande spanningen tusken bepaalde gebieten. It barde geregeld dat stêden of eallju oerrûnen nei oare partijen, lykas de Fan Wassenaars. Likegoed wienen de oanhingers fan de Hoeken dy’t de saak fan Margaretha fan Beieren oanhongen foaral te finen ûnder de eallju. De Kabbeljauwen, de oanhing fan greve Willem V, bestie foaral út boargers. Nei ferrin fan tiid waarden de Kabbeljauwen- de groep dy’t yn opstân kaam tsjin de liedende famyljes- sjoen as de winners.

Der binne meardere suggestjes foar it ûntstean fan de nammen: De “Kabbeljauwen” waarden sa neamd, omdat Kabbeljauwen as se grutter wurde hieltyd mear iten gien. Dêrtroch wurde se noch wer grutter en sterker en ite noch wer mear. In oare ferklearring kin fûn wurde yn it wapen fan it geslacht Beieren, dat oan de skobben fan in fisk tinken docht. De tsjinstanders fan greve Willem V krigen de namme “Hoeken’, dit omdat mei in hoek in Kabbeljauw fongen wurde kin.

Boergonje

Gravuere fan Reinier Vinkeles en Jacobus Buys út 1794. Jonkfrou Aleid fan Poelgeest yn de nacht deadien fan Hoekske soldaten, 22 septimber 1392.

Fan 1417 ôf (it ferstjerren fan greve Willem VI) gie de striid mear tusken foarstanners (Kabbeljauwen) en tsjinstanners (Hoeken) fan Boergonje. Greve Willem VI waard opfolge troch syn dochter Jacoba fan Beieren. Net sûnder reden wurdt wol beweard dat sy de flater makke te iensidich op de Hoekske partij te lynjen, wêrtroch sy har, as frou dochs al swakke posysje noch fierder ferswakke. Har omke fan Luik, Jan fan Beieren, liet dan ek syn oanspraken op de macht yn Hollân jilde en keas partij foar de Kabbeljauwen, dy’t yn kloften nei him oerrûnen. Yn 1418 oermastere Jan fan Beieren Rotterdam, dat nei it ferstjerren fan Willem VI partij keazen hie foar Jacoba fan Beieren en yn 1420 Leien. Jan fan Beieren ferstoar yn 1425 en waard opfolge troch Hartoch fan Boergonje (Filips de Goede).

Yn Noard-Hollân feroare de boel yn 1426. Neidat Jacoba fan Beieren in ûnskuldige Hoarnske boargemasterssoan yn Delft ta de dea feroardiele liet, keas Hoarn partij foar Filips fan Boergonje. De Kinmers dy’t al lang spanningen fielden mei West- Friezen, pikten dit net en besochten Hoarn te ferslaan. De earste fjildslach wie by Aldyk en waard troch Hoarn ferlern. De oare deis waard Hoarn troch soldaten fan Filips út Amsterdam stipe, en waarden de Kennemers by de Noarderpoarte definityf ferslein. Inkele dagen letter makke Filips in reis troch Noard- Hollân, wêrby't alle West-Fryske en Wetterlânske stêden syn kant keazen. Jacoba fan Beieren seach gjin oare útwei dan om nei Gouda werom te lûken. Noard-Hollân waard diel fan it Boergondyske ryk.

Op 3 july 1428 sleaten Filips fan Boergonje en Jacoba fan Beieren frede mei de Tút fan Delft. De Tút fan Delft betsjut feitlik it oerjaan fan Jacoba fan Beieren.

Mar it konflikt wie noch net oer. Yn 1482 barste it wer los doe't de Hoeken har fersetten tsjin de beneaming fan Maksimiliaan I fan Eastenryk. Ynstee fan Maksimiliaan keazen sy Jonker Frans fan Brederode as harren lieder. Dizze Jonker Frans wist yn 1489 Rotterdam te oermasterjen en besocht fan dêrút de stêden Delft, Gouda en Schiedam yn te nimmen. Hy krige help fan de Hartoch fan Gelre, wêrby't in fjildhear út Gelre, Reynier fan Broeckhuysen him holp. Mar it slagge net.

It bestean fan partijen yn it let-midsiuwske Greefskip Hollân wie net sa bysûnder. Yn oare dielen fan de lege lannen kamen yn dizze perioade ek soarten partijen foar en rebûlje wie rûnom. Yn Fryslân stienen de Fetkeapers tsjinoer de Skieringers en yn Gelre de Brockhorsten tjsinoer de Heeckerens.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.