In hobo is in reidblaasynstrumint dat by de houtblaasynstruminten heart en dat bespile wurdt as solo-ynstrumint yn hobokonserten, mar ek as ûnderdiel fan in symfony- en harmony-orkesten en fan blazersensembles.
De hobo en althobo wurde ta de houtblazers rekkene. De hobo wurdt mei dûbelreid oanblaasd. It dûbelreid wurdt foarme troch twa licht bûgde reidblêden dy't mei jern om in metalen staafke byinoar holden wurde. It wurdt daliks tusken de lippen nommen en troch it oanblazen begjinne beide reidblêden te triljen en sa ûntstiet in lûdsweach. Ek al makket de hobo gebrûk fan dûbelreid, dochs is it ynstrumint histoarysk sjoen gjin famylje fan de fagot, mar wol fan de skalmei en fan de pommer.
De hobo bestiet út in koanysk boarr buis mei in licht trachterfoarmich útein. De buis by del binne ferskaten gatten en fersilvere kleppen te finen. De earste hobo hie dy kleppen noch net; earst yn de 19e iuw krige de hobo it oansjen sa't er dat no (2007) hat. Foarhinne wie de basis fan de hobo fan hout, mar hjoed de dei wurdt ek keunststof brûkt.
De wize fan oanblazen is fan ynfloed op de klank en lûdsterkte. Foar it meitsjen fan in kwalitatyf goede toan is in goede embouchure needsaaklk. De Klank fan de hobo is nasaal en hiel fier dragend. Troch syn relatyf stabile en ynkringende toan wurdt de hobo brûkt om de toan te blazen (meast in A) dêr't oare ynstruminten yn in symfoany- of harmony-orkest op ôfstimme kinne.
Underhâld
Alle kearen nei it bespyljen fan it ynstrumint moat it skjinmakke wurde om it focht der út te heljen. Dat kin dien wurde mei in fear of in wisker. Docht men soks net, dan soe it hout nei ferrin fan tiid barste kinne.
Ek it meganyk moat geregeld smard wurde mei soerfrije oalje, krekt as it koark fan reid en ûnderdielen. As ekstra kin it meganyk poetst wurde mei in silverdoek, soks is ek moaier foar it oansjen. As der ûnder it spyljen wetter yn ien fan de kleppen komt, kin dat der úthelle wurde mei in floeike. As dat net dien wurdt, dan kinne guon toanen net goed of hielendal net mear makke wurde.
Fariaasjes
Fariaasjes op de hobo binne de althobo, ek bekend as de Ingelske hoarn, de leafdeshobo, de jachthobo en de musette (pikkolo-)hobo. De oboe d'amore is in soarte fan krusing tusken de gewoane hobo en de althobo. Der bestiet ek noch in baritonhobo. Dat ynstrumint waard yn 1904 boud troch de fagotbouwer W. Heckel en wurdt ek wol in 'heckelfoan' neamd. De heckelfoan klinkt in oktaaf leger as de hobo. De klank giet de kant fan de fagot of de baritonsaksofoan út. Literatuer: Trio für Bratsche, Heckelphon, und Klavier, P. Hindemith opus 47 (1929).
Histoaryske hobobouwers
- Joannes Hyacinth Rottenburgh (1672 - 1765)
Etimology
It wurd hobo komt fan it Frânske 'hautbois', wat 'heech hout' betsjut. Dy beneaming komt oan de iene kant fan it frij hege en ynkringende lûd dat in hobo meitsje kin yn ferliking mei oare dûbelreidynstuminten, oan de oare kant fan it feitdat it in houten blaasynstrumint is.
De hobo yn de popmuzyk
Yn de popmuzyk wurdt de hobo inkeldris brûkt.
- "'Happy Together " fan The Turtles
- "Verdronken Vlinder" fan Boudewijn De Groot
Merken
- Buffet
- Bulgheroni
- Covey
- Fossati
- Fox
- Frank
- Howarth
- Josef
- F. Lorée
- Marigaux
- Mönnig
- Patricola
- Püchner
- Rigoutat
- Yamaha