Hoarndieren
In pear gaffelelantilopen (Antilocapra americana).
In pear gaffelelantilopen (Antilocapra americana).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang):baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang):walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift:wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift:hoarndieren (Pecora)
Flower, 1883

De hoarndieren (wittenskiplike namme: Pecora) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia). Dizze taksonomyske groep omfettet û.m. de kobisten, skiep en geiten, harten, antilopen en sjiraffen. Dizze bisten hawwe gemien dat se hoeven mei twa kleien hawwe, dat se har fretten wjerkôgje en dat se hurde útgroeisels fan keratine op 'e kop hawwe, dy't hoarnen neamd wurde. Lykwols hawwe by guon soarten allinnich de mantsjes hoarnen, en boppedat binne saakkundigen it deroer iens dat hoarngroei net in skaaimerk is dat weromgiet op ien inkele foarâlder, mar dat it him op teminsten twa ferskillende punten yn 'e evolúsje fan dizze bisten ûntjûn hat. Hoewol't de taksonomyske ienheid fan 'e hoarndieren as ûnderskift fêststiet, binne de krekt ûnderlinge relaasjes tusken de famyljes fan 'e hoarndieren noch net alhiel dúdlik.

Klassifikaasje

  • tuskenskift hoarndieren (Pecora)
    • famylje Gelocidae
    • famylje harteftigen (Cervidae): 49 soarten
    • famylje holhoarnigen of hoarnfee (Bovidae): 135 soarten
    • famylje Hoplitomerycidae
    • famylje Leptomerycidae
    • famylje muskusharten (Moschidae): 7 soarten
    • famylje Palaeomerycidae
    • boppefamylje sjirafeftigen (Giraffoidea)
      • famylje Climacoceratidae
      • famylje gaffelantilopen (Antilocapridae): 1 soarte
      • famylje sjiraffen en okapys (Giraffidae): 5 soarten
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.