Hisko Abdena (* ûnbekend - † 25 jannewaris 1429) wie in Eastfryske haadling, hy wie proast fan Emden. Op de ein 14e, begjin 15e iuw waard syn famylje, de Abdenas, rekkene ta ien fan de machtichsten fan East-Fryslân. Harren machtssintrum wie de stêd Emden.

Om-ende-by 1398, nei it ferdriuwen fan de Fiktaaljebruorren fan it eilân Gotlân en dêrmei út de Eastsee, naam Hisko guon fan de seerôvers yn tsjinst. Om syn eigen territoriale en politike belangen te beskermen, kollaborearret er temûk mei de Hânze en oerhandige dy him op 6 maaie 1400 de stêd en it kastiel Emden. Dêrmei waard it fûnemint lein foar fierdere operaasjes tsjin de seerôvers.

Tusken de haadlingefamyljes Tom Brok en Abdena, dy't beiden de macht hawwe woenen oer East-Fryslân, wie mear as tritich jier in fete. Yn 1414 slagget Keno II tom Brok deryn Hisko út Emden te ferdriuwen. Dy flechtet dêrop nei Grins ta. De oanfal op Emden soe it begjin fan de Grutte Fryske Oarloch ynliede. Nei de omkear fan de macht yn Grins reizget Hikso ôf nei Hollân, dêr't er it fierdere ferrin fan de kriich útsitte wol. Nei de soen fan Grins komt er werom. Syn soan Immel Abdena hat him dan al opfolge as haad fan de famylje. As Fokko Ukena him keart tsjin Okko II tom Brok slute de Abdena’s har yn 1427 oan by de partij fan Okko. Ein dat jier hawwe sy de stêd wer yn hannen. Hisko ferkrige wer it amt fan proast en soe dat oan syn dea ta bliuwe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eise Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010.
  • Heinrich Schmidt, Das östliche Friesland um 1400, Territorialpolitische Strukturen und Bewegungen, Yn: Wilfried Ehbrecht, Störtebeker, 600 Jahre nach seinem Tod, Porta-Alba-Verlag, Trier-2005, siden 85–110.
  • Ubbo Emmius, Friesche Geschiedenis.
  • Eggerik Beninga, Cronica der Frezen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.