Himriksmole | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Ljouwert | |
adres | Noarder Rûchlân | |
koördinaten | 53° 12'N 5° 53'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | spinnekop | |
funksje | poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen fan de Himpensermarpolder | |
flecht | 11 meter | |
boujier | 1860, werbou yn 1952, 1976, 1996 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Gem. Ljouwert | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35675 | |
Kaart | ||
De Himriksmole is in mealreeë spinnekopmole yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer yn de gemeente Ljouwert.
Skiednis
De mûne waard oarspronklik yn 1860 boud foar it bemeallen fan de Himrikspolder by Huzum. Yn 1952 waard de mûne oerbrocht nei Ryptsjerk, dêr't er in skoft yn de buert fan pleats 'Wielsicht' tichtby de Ryptsjerkster Feart stie. De Himriksmûne waard yn 1976 fersetten nei it hjoeddeiske plak yn it natuer- en rekreaasjegebiet De Griene Stjer, dêr't er tsjinst docht as ynmealler. Sûnttiids wurdt hy ek wol De Griene Stjer neamd.
Troch brânstifting waard de Himriksmole yn 1995 hast hielendal ferwoaste, mar hy waard it jier dêrop wer opboud.
Fan 1971 oant 1979 wie de Himriksmole yn it besit fan de Stifting De Fryske Mole. Tsjintwurdich is hy eigendom fan de gemeente Ljouwert. De mûne is te besichtigjen as er draait.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|