himelsblau | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #87CEEB | |
RGBª (r, g, b) | (135, 206, 235) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (43, 12, 0, 8) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Himelsblau is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan ljochtblau. It is de kleur fan 'e ûnbewolke loft om 'e middeisoere hinne. Himelsblau is standerdisearre ûnder it X11-systeem fan webkleuren, mar eins kinne der ferskate tinten ta rekkene wurde, mei't de loft net altyd deselde kleur blau is. As kleuroantsjutting is himelsblau al teminsten sûnt de iere achttjinde iuw yn gebrûk, mei't de earste Ingelske ferwizing nei sky blue datearret út 1704. In eardere ferwizing út 1585 nei in sky coloured ("himelskleurige") tulbân yn in wurk fan Nicolas de Nicolay bewiist lykwols dat de kleur earder ek al brûkt waard.
Kleurtechnyk
By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is himelsblau in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it lykwols in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan en maginta (en yn 'e praktyk ek wat swart).
Heraldyk
Yn 'e heraldyk is himelsblau in heraldyske kleur en stiet it ek wol bekend ûnder de Frânske oantsjutten bleu-celeste. It is as sadanich sûnt de njoggentjinde iuw yn gebrûk rekke en komt benammen foar yn 'e Frânske heraldyk.
Foarkommen
Eins is de loft trochsichtich; it blau dat it minsklik each sjocht, is it gefolch fan in optysk effekt dat Rayleigh-ferstruiïng hjit. De sinne stiet dan frij heech oan 'e himel, wat betsjut dat it ljocht it koartste paad ôfleit om it each fan 'e taskôger te berikken. Rayleigh-ferstruiïng, wêrby't guon kleuren út 'e sinnestriel wei ferstruid wurde troch luchtdieltsjes, is dan swak, mei as gefolch dat de loft blau liket. By sinne-opgong en sinne-ûndergong is de ôfstân dy't it ljocht ôflizze moat it langst en is Rayleigh-ferstruiïng it sterkst, mei as gefolch dat blau en grien ljocht dan folle sterker ferstruid wurde en read ljocht oerbliuwt. Dat bestjut dat it minsklik each dan in reade himel sjocht.
Himelsblau is de nasjonale kleur fan sawol Oerûguay as Argentynje (yn 'e foarm fan Argentynsk blau). De kleur wurdt yn dy beide Súdamerikaanske lannen in protte brûkt. Men sjocht it benammen werom yn in soad sporttenu's.
Tinten himelsblau
De wichtichste tinten himelsblau binne:
himelsblau (X11) | #87CEEB | |
Argentynsk blau | #6CB4EE | |
djip himelsblau | #00BFFF | |
donkerhimelsblau | #8CBED6 | |
fealsyaan | #87D3F8 | |
Frânsk himelsblau | #77B5FE | |
helder himelsblau | #00CCFF | |
ljochthimelsblau | #87CEFA | |
seleste | #B2FFFF | |
Spaansk himelsblau | #00AAE4 | |
tuskenbeiden himelsblau | #80DAEB | |
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |