Hilmahústermûne | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Oude Dijk 4 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Poldermûne | |
boujier | 1868 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 18800 [1] |
De Hilmahústermûne is in poldermûne súdlik fan it doarp Fisfliet yn de provinsje Grinslân, fuort oan de Fryske grins. Eigner fan de mûne is De Stifting Grinslânske Poldermûnen.
De mûne waard yn 1868 boud en stiet oan de noardlike kant fan it spoar fan Ljouwert nei Grins en oan de rjochter kant fan de Lauwers.
De mûne wurke noch in set ferlyn as gemaal. Nei't de diselmotor út de mûne helle waard, mealt de mûne allinne noch op frijwillige basis. In echte funksje hat de mûne net mear, it wetter wurdt allinne wat ompompt.
De wjukken hawwe lykas in soad oare Grinslânske mûnen selsswichting. Sûnt 2015 hat de mûne elektrisiteit.[2]
Yn 2018 waard it 150-jierrich jubileum fan de mûne fierd.[3]
Keppeling om utens
- (ned) Stifting De Grinslânske Poldermûnen
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.