![]() |
![](../I/Hildegard_von_Bingen.jpg.webp)
Hildegard fan Bingen set har fisioenen op waakstabletten. Har sektaris Volmar skriuwt se oer op perkamint
![](../I/Engraving%253B_German_abbess_and_physician_Hildegard_von_Bingen_Wellcome_L0005783.jpg.webp)
Hildegard fan Bingen (Bermersheim, by Alzey, Mid-Dútslân, 1098 – Rupertsberg, by Bingen, 17 septimber 1179) wie in Dútske benediktynske abdis dy't jildt as earste fertsjintwurichster fan de Dútske midsiuwske mystyk. Hja wie ûnder mear warber op it mêd fan religy, kosmology, wittenskippen, filosofy, komposysjes, poëzy, plantkunde en linguïstiek. Hja wie de earste komponiste út de skiednis fan de klassike muzyk fan wa't de namme witten is.
Op 10 maaie 2012 waard Hildegard hillich ferklearre en 7 oktober 2012 waard hja as tsjerkleararesse erkend, beide fan Paus Benediktus XVI útfierd.
Keppelings om utens
- (in) Britannica 11th Edition online oer St. Hildegard
- (in) The Life and Works of Hildegard von Bingen (1098-1179)
- (ned) Spot op... Hildegard fan Bingen
- (ned) Nederlânske webside oer Hildegard fan Bingen
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hildegard fan Bingen fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.