Hilda Clark (Leavenworth, 1872 – Miami Beach, 5 maaie 1932) wie in Amerikaanske aktrise en model.
Sy waard berne as dochter fan Lydia en Milton Edward Clark. As jong folwoeksene ferhuze Clark nei Boston om vaudevillesjongster en aktrise te wurden, mar Clark waard ferneamd as model doe't har gesicht op in Cola-blikje ferskynde. Fan 1895 oant 1903 wie hja it gesicht fan Coca-Cola oant hja yn febrewaris 1903 mei de miljonêr Frederick Stanton Flower (†1930) troude. Flower wie bankier en direkteur fan ferskate spoarmaatskippijen en boppedat in neef fan de gûverneur fan de steat New York, Roswell P. Flower.
Bibliografy
- Pendergrast, Mark. For God, Country & Coca-Cola: The Definitive History of the Great American Soft Drink and the Company That Makes It. New York: Basic Books, 2000. ISBN 0465054684
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.