Hilbrand Hartlief
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum11 septimber 1948
berteplakApeldoarn
stjerdatum5 maart 2006
stjerplakWesternieland
sportive ynformaasje
sportFollybal

Hilbrand Hartlief (Apeldoarn, 11 septimber 1948 - Westernieland, 5 maart 2006) wie in Nederlânsk follyballer en sportferslachjouwer.

Hy helle syn grutste súksessen yn de jierren santich doe't er spile foar de Earedifyzjeklup Lycurgus út de stêd Grins. Yn totaal hat Hilbrand Hartlief 38 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.

Nei syn aktive sportkarriêre lei er him ta op it trenen fan follybalploegen op distriktnivo. Dêrneist wie er freelance ferslachjouwer foar RTV Noord dêr't er ferslach die fan sporten útienrinnend fan gersbaanracen oant basketbal.

Hartlief stoar yn de âldens fan 57 jier doe't er mei syn auto slipte op in besnijde dyk by Pieterbuorren en te wetter rekke. Helpferlieners kamen te let om syn libben rêde te kinnen.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.