Hilbert van der Duim
Hilbert van der Duim yn 1980
Hilbert van der Duim yn 1980
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHilbert van der Duim
bertedatum4 augustus 1957
berteplakBeetstersweach
sportive ynformaasje
sportreedriden
ûnderdielLangebaan

Hilbert van der Duim (Beetstersweach, 4 augustus 1957) is in eardere Nederlânske langebaanreedrider.

Mei fallen en opstean nei de top

Hilbert van der Duim wie as rider in kleurryk figuer en waard by in soad minsken bekend troch syn falpartijen oer fûgelstront en letter in kroankoark, krektas in rûntsje te gau ophâlde mei in rees.

Syn reputaasje as brokkepiloat begûn al betiid. Al yn 1979 die hy - offisjeel noch junior - mei oan it wrâldkampioenskip oer alles-riden yn Oslo. Nei de earste dei stie hy noch ûnferwachts fjirde, mar op 'e twadde dei gie hy ûnderút op de 1500 meter.

Yn 1981 foel hy op de 10 kilometer fan it Jeropeesk Kampioenskip en miste dêrtroch de wrâldtitel. Efterôf ferklearre Van der Duim dat er fallen wie oer fûgelstront.

By it wrâldkampioenskip fan datselde jier sette Van der Duim op de 5 kilometer de efterfolging op syn tsjinstanner Amund Sjøbrend te gau yn. Hy helle him yn en gie triomfearjend as earste oer de finishline, om pas in heale omloop letter by it útriden (mei help fan syn coach Leen Frommer), troch te krijen dat hy noch in hiele omloop trochgean moast. In dei letter fersmiet Van der Duim definityf syn kânsen op de titel troch by de 1500 meter op in kroankoark te stappen en ûnderút te gean.

Ferneamd waard ek syn optreden by it WK fan 1983 yn Oslo. Van der Duim wie koart dêrfoar Jeropeesk kampioen wurden en op dat stuit noch regearjend wrâldkampioen. Nei it foarbyld fan it hurdfytsen ferskynde hy yn in reinbôgepak op 'e baan. Syn 500 meter wie noch poerbêst (twadde), mar op de 5000 meter hie hy "Brij yn 'e poaten", einge as santjinde en ferspile sa in startplak op de ôfslutende ôfstân. Oer dat pak is letter noch in protte sein.

Súksessen

Van der Duim wie ûndanks dy fratsen in súksesfol reedrider dy't twarris wrâldkampioen (1980 en 1982) en twarris Jeropeesk kampioen (1983 en 1984) allround riden waard. Yn 1980 fersloech hy, ta ferrassing fan eltsenien, de ûnferslaanber achte Amerikaan Eric Heiden. It waar spile in grutte rol by dat toernoai, mar Van der Duim bewiisde better as oaren yn 'e stoarm oerein bliuwe te kinnen en wûn de 1500 meter, dy't faaks beskôge wurdt as in kaaiôfstân. Yn dat toernoai wie dat seker sa.

Jan de Jong, de iismaster fan It Hearrenfean ferklearre nammers jierren letter dat er mei de dweilskoften manipulearre hie, wêrtroch't op de 10.000 meter Van der Duim op goed iis en Heiden op oanslein iis ride moast.

Frjemdernôch is krekt de 1500 meter syn lestichste ôfstân: op dy ôfstân hie hy ek de minst skerpe persoanlike toptiid stean. Lykwols, op trije fan de fjouwer toernoaien dêr't hy de titel pakte, wûn hy dy ôfstân: alle trije kearen mei in foege stoarm. Wierskynlik soe Van der Duim op moderne, oerdekte, snelle iisbanen minder súksesfol wêze: de omstannichheden binne dêr gewoan net swier genôch.

Syn bêste seizoen wie wierskynlik 1982, doe't hy tredde waard by de EK yn Oslo en wrâldkampioen foar eigen publyk yn Assen. Hy ferbettere ferskate persoanlike en Nederlânske rekords en stie noch justjes twadde op de wrâldranglist.

De Olympyske Spullen fan 1984 yn Sarajevo kamen foar him wierskynlik wat te let: op alle ôfstannen dêr't hy oan meidie bleaunen medaljes bûten berik. Der moat noch by sein wurde Van der Duim sân kear Nederlânsk kampioen waard, fan 1978 - 1984; dat is in rekord.

nei it allroundriden

Yn 1986 debutearre hy yn it peloton fan maratonriders en makke dêr fuortendaliks yndruk troch it hege tempo dat hy it peloton oplei. Op 28 novimber 1986 ferbettere hy it wrâldoererekord ta 39.492,8 meter. Van der Duim stoppe yn 1987 troch de need twongen mei riden as gefolch fan in slim auto-ûngelok.

Yn (2004) is Hilbert van der Duim learaar yn Emmen. Ek sette hy him yn foar de lokale politike partij Plop yn Assen, dêr't hy listtriuwer foar wie by gemeenteriedsferkiezings.

Resultaten

jierEK AllroundOlympyske SpullenWK AllroundWK SprintWK Junioaren
1976DQ3
1977
197811e9e-16e
19796e16e-
19805e28e 500m
21e 1000m
11e 1500m
4e 5000m
6e 10000m
-
198116e7e
1982-
1983NC17
19847e 1000m
7e 1500m
9e 5000m
10e 10000m
-
19854e8e
- = gjin dielname
DQ3 = diskwalifisearre by de 3e ôfstân
NC17 = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as 17de klassearre yn it einklassemint

Medaljespegel

kampioenskipgoudsulverbrûns
EK Allround211
Olympyske Spullen000
WK Allround202
WK Sprint001
WK Junioaren001

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.