In satiryske print fan James Gillray út 1806, dy't Napoleon Bonaparte sjen lit as bakker fan keningen, wylst (syn minister fan Bûtenlânske Saken) Talleyrand op 'e eftergrûn al wer nij daai oan it knetsjen is. (In grap oer it feit dat Napoleon yn hiel Jeropa keningen op 'e troan brocht, mar se ek like fluch wer ôfsette as se wat diene dat him net befoel.)

In satire is in literêr sjenre wêryn't op faak humoristyske wize troch spotternij maatskippijkrityk levere wurdt. As foarm fan poëzij wurdt satire ek oantsjut as in hikkeldicht of stikeldicht. De krityk dy't yn sokke satires besletten sit, kin de foarm oannimme fan parody, irony, sarkasme, synisme of karikatuer. Doelwiten fan satire binne faak persoanen (yn 't bysûnder politisy), mar ek tradysjes, godstsjinst, media, noarmen en wearden en trends wurde wol op dizze wize op 'e hak nommen. It doel is dêrby om dwaasheden, tekoartkommings, misbrûk en korrupsje oan 'e kaak te stellen sadat de dieders troch skamte oanset wurde ta ferbettering. Yn diktatueren waarden (en wurde) satirisy fanwegen harren krityk gauris ferfolge troch de oerheid.

Etymology

Der bestiet in frij algemien misferstân dat it wurd 'satire' ôflaat is fan 'e saters, in soarte fan mytyske wêzens út 'e Klassike Aldheid, dy't alles mei de gek besleine. Mar eins komt 'satire' fan 'e Latynske lanx satura, in skaal mei mingde fruchten. Dat ferwiist nei de iuwenâlde assosjaasje fan satire mei it ta jin nimmen fan iten foar de geast (d.w.s. stof ta neitinken), en mei it fermingen yn satires fan ferskate sjenres en stilen.

Foarmen

Fan âlds wurdt satire ferdield yn twa soarten:

Hikkeldicht

In hikkeldicht of stikeldicht is in poëtyske foarm fan in satire. In foarbyld is it gedicht On Charles II (oer kening Karel II fan Ingelân), fan John Wilmot, greve fan Rochester (1648-1680):[1]

Ingelsk orizjineel Fryske oersetting
On Charles II

Here lies our sovereign Lord the King
Whose word no man relies on,
Who never said a foolish thing
Nor ever did a wise one.

Oer Karel II

Hjir leit ús kening en soev’rein
By wa’t nimmen te rie giet,
Dy’t nea noch hat in dwaas ding sein
Noch ea in wiis ding dien, jit.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Siersema, Dirk, Rhyme & Reason, De Bosk, 1988 (Malmberg), ISBN 9 02 08 41 440, s. 318.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibiography en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.