Heveskes
Heveskes mei op de eftergrûn gemyfabriken
Heveskes mei op de eftergrûn gemyfabriken
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal20 (1971)
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 18' N 6° 57' E
Kaart
Heveskes (Grinslân)
Heveskes

Heveskes wie in doarp yn de provinsje Grinslân yn Nederlân.

It doarp is, in pear gebouwen útsein, yn de jierren 1970 ôfbrutsen om romte te meitsjen foar it yndustryterrein Oosterhorn. It iennichste dat fan it doarp oerbleaun is binne de midsiuwske tsjerke op de wierde, in skuorre foar de tsjerke oer en twa pleatsen. It âldste part fan de tsjerke wurdt datearre op it jier 1200. De Stifting Alde Grinslânske Tsjerken is eigener. It oargel út 1888 is oerbrocht nei de tsjerke fan Uitwierde.

Doe't it yndustryterrein oanlein is, binne de fûneminten fan it eardere Heveskeskleaster ûndersocht. De fynst fan in hunebed hat de archeologen doetiids tige fernuvere. It wie it meast noardlike hunebed fan Nederlân. It hunebed is opdold en is no útstalt yn it Aquariom yn Delfsyl.

Yn novimber 2007 kaam Groningen Seaports, de behearder fan ûnder oaren de haven fan Delfsyl, mei it plan it tsjerkje fan Heveskes te ferhúzjen nei Weiwerd. Dat soe technysk kinne om't de tsjerke net op peallen boud is, mar op in balstienliemplaat stiet. De Stifting Alde Grinslânske Tsjerken kearde it plan op om't it om beskerme lânskiplik gebiet giet.

Keppeling om utens

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • HolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersum • Losdorp • Medhuizen • MiddelstumOosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • SyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • UitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • BaamsumBiessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.