Hette Abma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hette Gerrit Abma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 23 jannewaris 1917 | |
berteplak | Wâlterswâld | |
stoarn | 2 jannewaris 1992 | |
stjerplak | Putten (Gelderlân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | predikant, politikus | |
jierren aktyf | 1941 – 1986 |
Hette Gerrit Abma (Wâlterswâld, 23 jannewaris 1917 - Putten, 2 jannewaris 1992) wie in Herfoarme predikant. Hy wie soan fan Gerrit Abma en Annigje Kool. Op 21 augustus 1941 troude er yn Ede mei Johanna Hendrina Leenmans.
Abma wie Herfoarme predikant yn de neifolgjende gemeenten: Driezum (1941-1944), Iselstein (1944-1955), Monster (1955-1959) en Putten (1959-1963); Dêrneist en dêrnei wie er foarsitter fan de SGP (1961-1965), lid fan de Twadde Keamer (1963-1981) en lid fan de Earste Keamer (1981-1986)
Underskiedings
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (20 april 1976)
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (27 april 1984)
Literatuer
- Henny van Dolder-de Wit, 'Levend in het werk des Heeren'. Ds. Hette Gerrit Abma (1917-1992): predikant en parlementariër, 2006, 335 s., Hardeman - Ede, ISBN 978-90-76430-44-7
Keppeling om utens
- (ned) H.G. (Hette) Abma, Parlement & Politiek
- (ned) Abma, Hette Gerrit (1917-1992), Biografysk Wurdboek fan Nederlân
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.