In Hessewei is in âlde hannelswei troch Noard Dútslân en Nederlân boppe de riviere rjochting Utert. Der rinne ferskate hessewegen, dy't brûkt waarden troch lju út Hessen [1], Dútske keaplju út de kontreien fan Kassel. Dy wegen mijden meast de doarpen en stêden omdat de Hessen swiere, brede karren brûkten dy't breder wiene as yn de Nederlânnen tastien wie en dêrtroch net yn de besteande spoaren pasten. Se soene boppedat de meast ûnferhurde wegen skansearje. Yn heidefjilden binne de karrespoaren dy't de Hessen lutsen op guon plakken te werkennen troch de ôfwikende fegetaasje. Mei't se net altyd krekt itselde spoar brûkten, wiene de Hessewegen op guon plakken tige breed.
Op in soad plakken is de rin fan de hessewegen ek noch werom te finen yn de strjitnamme "Hessewei". Yn Kollum is bygelyks noch altyd in stikje dyk dat Hessewei hjit, om't der in Hessewei fia Grins en Kollum nei Fryslân rûn.
De earste hessewegen binne ûntstien yn de 17e iuw, mar foar in part brûkten se âldere rûtes, lykas hânzewegen. Omdat hessewegen meast oer saneamde woaste grûn rûnen hiene de Hessen geregeld lêst fan rôvers. Dêrom waard in soad yn konfoai reizge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|