Dizze side giet oer de histoaryske haadling út 'e Saksetiid Hessel fan Martena. Foar de wierskynlik legindaryske haadling fan omtrint 1300, sjoch: Hessel Martena.

Hessel fan Martena (Koarnjum, ±1460 - Roados, augustus 1517) wie in Fryske haadling. Troch syn tiidgenoaten waard hy beskôge as ien fan dejingen dy't Fryslân ferrette oan de hartoch fan Saksen wêrmei in ein kaam oan de Fryske Frijheid en de Saksetiid útein sette.

Skiednis

Hessel fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út Koarnjum dat de state Ter Horne bewenne yn Bitgum. Syn âlden wienen Syttie Martena en Jel Epedr. Harinxma thoe IJlst. Hy troude my de rike Both fan Hottinga, waans famylje in protte te sizzen hie yn Frjentsjer. Ut dit houwelik waarden fjouwer dochters berne, Jel, Luts, Cunera/Cnier en Foockel.

Yn Hessel fan Martens tiid, de tiid fan de Fryske Frijheid hienen de rike famyljes, de saneamde haadlingen it yn de Fryske lannen foar it sizzen en regelen bestjoer en rjochtspraak. By gebrek fan in sintrale machthawwer ûntstienen lykwols ek hieltyd wapene konflikten ûnderinoar omdat eltse haadling besocht om de eigen macht út te wreidzjen op kosten fan de buorman-haadling. Foar it sljochtsjen fan skelen bestiene ynearsten strange regels, mar op de ein fan de 15e iuw ferhurde de wize fan striden en naam it brûken fan geweld bûtenproporsjoneel ta. Ek Hessel hie hjir mei te krijen. Syn state te Bitgum waard platbaarnd en hy moast syn taflecht sykje yn Frjentsjer, dêr't er yn 1498 it Martenahûs sette liet.

Mei in oantal Skieringske haadlingen hat Hessel socht nei wizen om de frede werom te krijen. Neffens harren bestie der mar ien oplossing, der moast in sintraal gesach komme yn Fryslân en Albrecht fan Saksen wie hjirfoar de geskikte kandidaat. Sy sochten kontakt mei him en yn 1498 waard Albrecht by it Ferdrach fan Snits offisjeel erkend as Hear fan Westergoa, Eastergoa en de Sânwâlden.

Syn bân mei Albrecht fan Saksen joech Hessel gjin wynaaien. Hy fertsjinne der goed by. Troch de hartoch fan Saksen wie Hessel belêste mei it ynbarren fan belêstingen, dêr't it net altyd sêftsinnich by om en ta gong. Hessel helle foar de hartoch in protte jild op en waard beleanne mei in soad grûnbesit.

Yn 1515 waarden de Fryske gebieten troch de Saksen ferkocht oan de lettere keizer Karel V en wie Hessel syn rol útspile. Hy luts him werom en besleat in beafeartsreis te meitsjen nei Jeruzalim. Op de weromreis kaam er te ferstjerren op it eilân Roados. Fan dizze reis is in ferslach bewarre bleaun.

Ferrieder fan Fryslân

Meastepart fan Hessel syn tiidgenoaten hawwe him beskôge as dejinge dy't Fryslân oan de Saksen ferkocht hat en ek troch guon eardere skiedskriuwers is er letter bestimpele as in lânferrieder. Tsjintwurdich is der mear wurdearring foar syn optreden yn de skiednis. De Fryske Frijheid wie yn de tiid fan Hessel ferwurden ta in efterhelle systeem dat allinnich noch mar late ta fierdere út 'e foegen skuorre fan de maatskippij en hat Hessel troch syn tadwaan frede brocht. Lykwols hat er mei syn died de Saksen nei Fryslân helle, dêr't de skiednisline fan Fryslân foar altyd troch feroare.

Wenning

Yn Frjentsjer stiet de Martenstins, in stêdskastiel dat Hessel bouwe litten hat yn 1506 en dêr't tsjintwurdich it Museum Martena yn fêstige is.

Johann Ludwig Hektor von Isolani / "Hessel fan Martena" Ferlykje mei dizze ôfbylding

It portret

It by dit artikel ôfbylde portret, dat al iuwen yn de Martenstins hinge hat, waard yn 1839 foar it earst beneamd as dat fan Hessel fan Martena. Yn 2009 die út ûndersyk fan Museum Martena bliken dat it Hessel lykwols net wêze koe. Yn maaie 2010 waard de portretearre persoan troch útjouwer en bibliofyl Manfred Nippen út Frjentsjer identifisearre as Johann Ludwig Hektor von Isolani (1586-1640), kommandant fan de Kroatyske lichte kavalery yn de Tritichjierrige Oarloch.[1][2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • O. Vries e.o., De Heeren van den Raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811, side 184-186.
  • Ljouwerter Krante fan 15 maaie 2009, Freed, side 6-7.
  1. Ljouwerter Krante, 27 maaie 2010. Side 17, Portret Hessel van Martena is Cyprioot
  2. Sjoch hjir foar syn biografy: Johann Ludwig Hektor von Isolani
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.