Hessel Vegelin fan Claerbergen (3 oktober 1723 - 12 july 1750) wie in Fryske grytman.
Hessel wie de soan fan Johan Vegelin fan Claerbergen, grytman fan Doanjewerstâl. Yn 1749 waard hy lid fan de staten en op 15 april waard hy in jier letter, troch ôfstan fan syn heit, keazen as grytman fan Haskerlân. Op 15 juny 1749 troude hy mei syn nicht Catharina Maria (1724-1753), dochter fan Frans Julius Johan Heringa fan Eijsinga, grytman fan Raarderhim. Hy ferstoar op 27-jierrige leeftyd, syn widdo op 30 april 1753. Harren ienige soan ferstoar ein 1751, noch mar ien jier âld.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.