Hessel Douwes de Jong (De Jouwer, 26 novimber 1802 - dêre, 14 jannewaris 1855) wie de soan fan Douwe Egberts en Lysbeth Mintjes. Nei it ferstjerren fan Lysbeth kaam it famyljebedriuw, de kompanjy ‘Weduwe Douwe Egberts’, yn hannen fan har fjouwer soannen Mintje, Thijs en Hessel, yn de mande mei Ruurd, in soan út it earste houlik fan Douwe Egberts. Ruurd begûn ûnder de namme 'R.D. de Jong‘ syn eigen saak yn kofje, tee en tabak. Doe't twa bruorren ferstoaren waard de kompanjy opheft en gie Hessel Douwes troch ûnder de âlde namme 'Firma Weduwe Douwe Egberts'.

Yn 1829 troude hy mei Claaske Johannes Schaap fan De Jouwer en krige mei har acht bern. Fjouwer soannen en fjouwer dochters. Ien fan de dochters ferstoar jong, fan de jonges ferstoar ien by it swimmen. Yn 1831 kocht Hessel in keapmanshûs op it hjoeddeiske persiel Midstrjitte 99. Hy hie dêr in gruthannel yn destilleard.[1] De beide âldste jonges, Douwe en Johannes, krigen in oplieding yn it tabaksferwurkingsfak doe't Hessel noch mei-eigener fan de saak wie. Yn 1845 kamen se definityf yn it bedriuw. Mem Klaaske ferstoar 48 jier âld, Hessel ferstoar yn 1855 twa jier nei har. Harren âldste soan Douwe wie doe 23 jier en waard tasjend foud oer syn minderjierrige bruorren en susters. Johannes, de twadde soan, wie 21 en naam twa jier letter it bedriuw oer.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.