Hermann Hupen

Hermann Huppen (Malmedy, 17 july 1938) is in Belgyske striptekener dy't foaral bekend is ûnder syn pseudonym Hermann. Hy is bekend fanwege syn populêre post-apokalyptyske rige Jeremiah dêr't ek in telefyzjerige fan makke is. De realistyske wize fan tekenjen dy't Hermann brûkt is tige werkenber en wurdt ek wol as filmysk omskreaun.

Biografy

Hermann debutearre as striptekener yn 1964 by de studio fan Greg. Yn 1966 begûn er mei de rige Bernard Prince te tekenjen (letter oernaam troch Dany) neffens in senario fan Greg, yn it eartiidske tydskrift Kuifje. Yn 1969 begûn er mei it meitsjen fan de western-rige Comanche, allyksa op senario's fan Greg. Dizze rige heart krekt as oare western-riges lykas Blueberry ta de stripklassikers.

Sûnt 1977 makket Hermann meastal stripferhalen op senario's dy't er sels skriuwt. Op dit stuit is dat de rige Jeremiah dy't noch altiten rint en sûnt 1983 in oare yn de Midsiuwen situearre rige De tuorren fan Skimerwâlde, allegearre aksjestrips.

Besiden boppesteande riges hat Hermann ek in oantal grafyske novelles makke.

Bibliografy

  • Jugurtha, 2 titels, rige, senario Jean-Luc Vernal, letter oernaam troch Franz Drappier,
  • Bernard Prince, 13 titels, rige, senario troch Greg, letter oernaam troch Dany & Aidans
  • Comanche, 10 titels, rige, senario troch Greg, letter oernaam troch Rouge
  • Jeremiah, 28 titels, rige
  • De tuorren fan Skimerwâlde, 13 titels, rige, twa lêste albums op senario fan Yves H.
  • Nick, 3 titels, rige, skenario troch Morphee
  • Missié Vandisandi, lossteand ferhaal
  • Sarajevo Tango, lossteand ferhaal
  • De Bloedbruiloft, senario troch Van Hamme.
  • Caatinga, lossteand ferhaal
  • De Bloedbanden, senario troch Yves H.
  • Wild Bill is vermoord, lossteand ferhaal
  • Manhattan Beach 1957, senario troch Yves H..
  • Zhong Guo, lossteand ferhaal, senario troch Yves H..
  • The girl from Ipanema, lossteand ferhaal, senario door Yves H..
  • Dracula, Vlad de Spietser, trijelûk, senario fan Yves H.
  • De Duivel van de zeven zeëen, trijelûk, senario fan Yves H.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.