Herfoarme tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Gerkeskleaster
adresDe Poarthoeke 1-a
koördinaten53° 14' N 6° 12' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipPKN (Herf.)
Arsjitektuer
boujier1629
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer7045
Webside
Facebook-side fan de gemeente
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

De Herfoarme tsjerke oan 'e Poarthoeke yn Gerkeskleaster is in protestanske tsjerke, dy't ûnderbrocht is yn 'e brouwerij fan in earder Sistersjinzerk kleaster. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis

Poarte yn 'e súdlike muorre.

Mei de reformaasje waard it kleaster Jeruzalim, ien fan Fryslân's grutste kleasters, opheven. De besittings waarden yn 1594 op lêst fan 'e Steaten ferkocht en de gebouwen ôfbrutsen. Allinnich de kleasterbrouwerij bleau stean en it grutste diel dêrfan waard yn 1629 ynrjochte as tsjerke foar it doarp dat by it kleaster ûntstien wie.[1]

It eastlike part fan 'e brouwerij waard oant 1871 brûkt as pastory, dêrnei oant 1960 as wente foar de koster en as aula en konsistoarje. De romten fan dat part wurde ferljochte troch grutte, rjochthoekige ramen yn 'e noardlike en súdlike muorre.[2] Sûnt 2017 is yn it gebou in lyts museum ûnderbrocht fan 'e stifting Historische Kring Gerkesklooster-Stroobos.[3]

De westlike toer fan 'e tsjerke waard yn 1854 oanboud. Yn 'e klokkestoel hinget in klok mei in diameter fan 63 sintimeter, dy't yn 1858 getten waard troch A.H. van Bergen.[4]

Sûnt 2004 makket de tsjerke diel út fan 'e PKN.

Ynterieur

It ienfâldige ynterieur fan 'e tsjerke hat in 19e iuwske preekstoel mei klankboerd. De 19e iuwske banken stamme oarspronklik út de tsjerke fan Britswert.

Oargel

Yn 'e tsjerke stiet in oargel út 1975, dat boud is troch de firma Flentrop.[5]

Pûtto

By de tsjerke stiet op in sokkel in pûtto, dy't op in lizzend skiep sit. Oer it hoe en wat fan it byldsje is fierder neat bekend.

Ofbylden

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.