Hera Syndulla
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksefroulik
soarte personaazjeTwi'lek
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtrebel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Kanan Jarrus
Sabine Wren
Ezra Bridger
Ahsoka Tano
geastlike heitDave Filoni
ûntstean2014

Hera Syndulla (útspr.: [ˈhɛɹɑ ˈsɪnɟəlɑ], likernôch: "her-ra sin-djuh-la") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is in lid fan it Rebelleferbûn yn de boargeroarloch tsjin it Galaktysk Keizerryk en ien fan 'e haadpersoanen út 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018). De geastlike heit fan it personaazje wie Dave Filoni, de betinker fan 'e searje. Hy ferneamde har nei't it skynt nei de goadinne Heara út 'e Grykske mytology, wa har namme "beskermster" betsjut. De rol fan Hera waard ynsprutsen troch stimaktrise Vanessa Marshall. Yn 'e live-actionfilm Rogue One: A Star Wars Story wurdt op 'e rebellebasis op Yavin-IV de namme fan "generaal Syndulla" omroppen, wat neffens Filoni in foarútwizing is nei in takomstige live-actionfilm oer it personaazje.

Fiktive biografy

Hera Syndulla is in froulike Twi'lek by't berne wurdt op 'e Twi'lek-thúswrâld Ryloth as de dochter fan Cham Syndulla en dy syn frou Eleni. Hja hat in broer dy't as bern komt te ferstjerren. Om't har heit de lieder is fan it ferset tsjin 'e oerhearsking fan Ryloth troch de oarlochsandroïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, is Hera al jong tsjûge fan 'e skea en it lijen dat de Kloane-oarloggen op har thúswrâld oanrjochtsje. Nei't Ryloth ûnder in nije besetting kommen is, diskear fan it Galaktysk Keizerryk, ferlit Hera de planeet om har eigen fersetsgroep op te rjochtsjen op har romteskip, it âlde frachtskip de Ghost. Har sel komt úteinlik te bestean út Kanan Jarrus, in Jedi dy't de Grutte Suvering fan 'e Jedi oerlibbe hat, dy syn jonge padawan Ezra Bridger, de Mandaloriaanske kriichster Sabine Wren, de Lasat-soldaat Garazeb Orrelios en Hera har eigen astromeganisiênrobot C1-10P, byneamd Chopper.

De rebellegroep fan 'e Ghost is benammen aktyf op en yn 'e neite fan 'e planeet Lothal. Hoewol't Hera yn namme de liedster bliuwt, nimt Kanan yn 'e praktyk al rillegau dy rol oer. Hera har sterkste punt wurdt foarme troch har kwaliteiten as piloate. Har lytse rebûlje op Lothal lûkt meitiid de oandacht fan senator Bail Organa, dy't besiket de aktiviteiten fan 'e ûnderskate rebellegroepen yn it Stjerrestelsel te koördinearjen. Op syn oanrieden jouwe Hera-en-dy har by in grutter ferbân, de Phoenix Cell, dêr't Hera meitiid liedster fan wurdt. Op dy wize slagget it Hera om 'e operaasjes fan har groep út te wreidzjen en nije bûnsgenoaten te winnen. Se fêstiget in basis op 'e ôfhandige planeet Atollon en ûnder har lieding is de Phoenix Cell ien fan 'e earste rebellegroepen dy't him formeel oanslút by it Rebelleferbûn. As de fersetsaksjes fan 'e groep wat langer wat ferfelender wurde foar it Keizerryk, stjoert keizer Palpatine ien fan syn trouste folgelingen, grutadmiraal Thrawn, om mei Hera-en-dy ôf te weven. Hy ûntdekt de lokaasje fan harren basis en set dêr in offinsyf tsjin yn; de basis wurdt ferwoastge en de rebellen reitsje ferswakke, mar it slagget him net om harren út te rûgjen, sa't syn bedoeling is.

Nei de nederlaach op Atollon jouwe Hera en de Phoenix Cell harren by de Massassi Groep op Yavin-IV, in moanne fan 'e gasreus Yavin. Letter keare se werom nei Lothal, dêr't se úteinsette mei it krewearjen en befrij de planeet fan 'e Keizerlike oerhearsking. Om dy tiid hinne kriget Hera in romantyske relaasje mei Kanan Jarrus. Hoewol't Hera swierrichheden ûnderfynt om stipe foar har operaasjes te krijen fan it Rebelleferbûn, liedt se in squadron X-wjukjagers dat it Keizerlik Arsenaalkompleks op Lothal oan grôt bombardearret. Dat blykt lykwoks in pyrrusoerwinning te wêzen as Thrawn har squadron op 'e weromweis ferneatiget en Hera sels finzen nimt. Sûnder stipe fan it Rebelleferbûn ûndernimt de bemanning fan 'e Ghost in wraam op 'e fijân wêrby't Hera befrijd wurdt. Kanan offeret dêrby syn libben op om 'e oare leden fan 'e groep te rêden. Mei nije wisberettens fjochtsje Hera-en-dy troch en mei de help fan ferskate bûnsgenoaten dy't se troch de jierren makke hawwe, witte se úteinlik Thrawn te ferslaan en Lothal te befrijen. In skoftke neitiid befalt Hera, dy't al dy tiid swier wie, fan Jacen Syndulla, de soan fan har en Kanan.

Yn 'e folgjende jierren ûntjout Hera har ta ien fan 'e wichtichste oanfierders fan it Rebelleferbûn. Hja nimt diel oan ferskate krúsjale konfrontaasjes mei de Keizerlike Striidkrêften, by Scarif, Hoth en Endor. Yn dat lêste treffen komt keizer Palpatine om en wurdt it Keizerryk ûnomkearber skansearre. As dêrnei it Rebelleferbûn de Nije Republyk oprjochtet, wurdt Hera ien fan 'e heechste militêre lieders fan dat nije steatsferbân. Yn dy hoedanichheid nimt se diel oan 'e Slach by Jakku, wêryn't de restanten fan it Keizerryk definityf ferslein wurde.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles Wedge Antilles C-3PO Chewbacca Biggs Darklighter Jan Dodonna Obi-Wan Kenobi Beru Lars Owen Lars prinsesse Leia Organa R2-D2 Luke Skywalker Han Solo Wilhuff Tarkin Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian Boba Fett keizer Palpatine Firmus Piett Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar Bib Fortuna Jabba de Hutt Mon Mothma Anakin Skywalker Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova Mas Amedda Eirtaé Ballory Sio Bibble Depa Billaba Jar Jar Binks Adi Gallia Nute Gunray Qui-Gon Jinn Ki-Adi-Mundi Eeth Koth Plo Koon Darth Maul Rugor Nass Padmé Amidala Quarsh Panaka Even Piell Yarael Poof Oppo Rancisis Sabé Sebulba Shmi Skywalker Darth Sidious Aurra Sing Roos Tarpals Saesee Tiin Rabé Tonsort Finis Valorum Watto Mace Windu Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku Jango Fett Kit Fisto Agen Kolar Cliegg Lars Bail Organa Poggle de Mindere Aayla Secura Shaak Ti Darth Tyranus Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 Kaydel Ko Connix Poe Dameron Finn Armitage Hux Maz Kanata kaptein Phasma Kylo Ren Rey Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy DJ Amilyn Holdo Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss D-O Jannah Enric Pryde Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano Asajj Ventress Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor Galen Erso Jyn Erso Saw Gerrera Chirrut Îmwe K-2SO Orson Krennic Baze Malbus Raddus Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett L3-37 Enfys Nest Qi'ra Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger Din Djarin Grogu Kanan Jarrus Bo-Katan Kryze Satine Kryze de Mandaloriaan Savage Opress Fennec Shand Sifo-Dyas Hera Syndulla Sabine Wren Kazuda Xiono
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.