Heptargy is de term dy't troch histoarisy wol brûkt waard om de sân Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân oan te tsjutten: Wesseks, Esseks, Susseks, Kent, East-Anglia, Mersia en Noarumbrje. De beneaming Heptargy, in kombinaasje fan de Grykske wurden foar sân en ryk (steat), wurdt al fan it begjin fan de tweintichste iuw ôf as in te ienfâldich begryp sjoen foar in mear komplekse situaasje. De term wurdt noch wol brûkt as algemiene oantsjutting fan dy perioade yn de Ingelske skiednis.
De term slacht oer it generaal op de perioade fan de ferovering fan Ingelân troch de Germaanske stammen (Angelen, Saksen en Jutten) oant de ynfallen fan de Noarmannen. Dat tiidrek rint rûchwei fan 500 oant 850. It konsept fan de sân keninkriken waard al yn de 12e iuw troch de Ingelske histoarikus Henry fan Huntingdon brûkt, mar de term ‘heptargy’ kaam yn de 16e iuw yn gebrûk.
Undersyk hat útwiisd dat de machsferhâldingen der net sa ienfâldich hinne leinen. Sa wienen benammen Esseks en Susseks faak in mindere machtsfaktor as oare riken. Kent hie yn it begjin fan it tiidrek wol in soad ynfloed, mar hie ek rillegau deselde status as Esseks en Susseks.
Ek die bliken dat oare gebieten in wichtiger rol spilen as earder wol tocht wie, sa as de keninkriken Lindsey, Hwicce, Surrey en Midden-Anglia. De wiere lieding foel lykwols sa njonkelytsen yn hannen fan Noardumbrje, Mersia en Wesseks.
Fan de boppeneamde sân keninkriken binne der trije dy't no noch sa'n bytsje itselde territoarium beslagge en noch deselde naam drage as greefskip fan Ingelân: Kent, Susseks en Esseks.
De namme Kent ferwiist nei de oarspronklike Keltyske bewenners, dy't Kentii of Cantiaci neamd waarden. De namme Susseks ferwiist nei de Súd-Saksen, Esseks nei de East-Saksen.
East Anglia wie it gebiet fan de East-Angelen. Ek dy namme wurdt noch hieltyd brûkt foar it gebiet dat no yn de greefskippen Norfolk en Suffolk leit.
Noardumbrje en Mersia wienen teffens keninkriken fan de Angelen. De namme Noardumbrje tsjut it gebiet benoarden de rivier de Humber oan. It is ûntstien troch in gearfoeging fan de eardere riken Bernicia en Deira.
It keninkryk Mersia lei oarspronklik yn de Trentfallei, mar wist it gebiet út te wreidzjen nei dat fan de Midden-Angelen, de Magonsaete en de Hwicce. Ta einbeslút wie it gebiet sa grut dat it rikte oant de Humber yn het noarden, de Teems yn it suden en Wales yn it westen, dêr't kening Offa fan Mersia syn ferneamde dyk boude.
It Wesseks (fan de West-Saksen) krige lang om let de oerhân en wist Ingelân te ferienigjen ûnder kening Egbert. Krekt as Mersia wisten sy har gebiet, oarspronklik yn de greefskippen Hampshire en Wiltshire fan hjoeddendei, út te wreidzjen ta de hiele kontrei besuden de Teems (útsein Cornwall).
Oersjoch heptargy Angelsaksysk Ingelân
De fjouwer haadkeninkriken yn Angelsaksysk Ingelân:
- Keninkryk Wesseks
- Keninkryk East-Anglia
- Keninkryk Mersia
- Keninkryk Noardumbrje, ûntstien út it Keninkryk Bernisia en it Keninkryk Deira
De oare gruttere keninkriken dy't ferovere waarden op seker stuit yn de skiednis binne: