Garmt Stuiveling rikt de earste Henriette Roland Holst-priis út oan Louis Paul Boon

De Henriëtte Roland Holst-priis is in Nederlânske literatuerpriis dy't op trijejierlikse basis útrikt wurdt foar in wurk dat "der útspringt troch sosjale befleinens en literêr nivo", yn 'e geast fan 'e dichteresse Henriëtte Roland Holst-Van der Schalk. Dizze priis waard yn 1957 ynsteld troch útjouwerij De Arbeiderspers, en de útrikking wurdt beävensearre troch de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde. Yn 't earstoan waard de Henriëtte Roland Holst-priis elts jier útrikt, fan 1980 ôf iens yn 'e twa jier, en fan 1984 ôf iens yn 'e trije jier. Oan dizze priis is in jildbedrach ferbûn fan €2.500.

Winners fan 'e Henriëtte Roland Holst-priis wiene yn it ferline û.m.: Hugo Claus, Theun de Vries, Wim de Bie en Geert Mak. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.