Henricus Wiardus fan Altena (1709 - 13 desimber 1771), wie in Frysk Steatelid en grytman fan Tytsjerksteradiel.
Wie earst faandrich yn it rezjimint Oranje-Fryslân en waard 13 maart 1739 oansteld as griffier fan it Hof fan Fryslân, dêr't er yn 1746 foar bedankt skynd te hawwen; doe waard er folmacht op de lândei, yn 1748 wie hy lid fan de Steaten en waard yn 1751 grytman fan Tytsjerksteradiel. Hy hie by Johanna Hillegonda Glinstra njoggen bern, wêrûnder syn soan Hector Livius. Nei har dea wertroude hy mei Anna Catharina Doys, widdo fan Samuel de Lannoy.
Syn wapen bestie yn in fjild fan azuer, mei in dwersbalke fan goud, dêrop trije einen fan sulver, boppe en ûnder de balke in klaverblêd fan goud.
Oan him wienen besibbe:
- Dr. R.H. fan Altena, ried yn de froedskip en sekretaris fan Ljouwert, skriuwer fan Edelmoedige en volkslievende schriftelijke propositie (Ljouwert, 1786), waans bibleteek ferkocht is op 23 april 1796;
- H.L. fan Altena, postmaster fan Fryslân, skriuwer fan Consideratiën aan de Commissie van 18 uit de representanten van Friesland ingegeven (Ljouwert, 1795).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.