Henri Nannen (Emden, 25 desimber 1913 – Hannover, 13 oktober 1996) wie in ferneamd Dútsk sjoernalist.
Nannen syn heit wie plysjeman yn Emden. Nanne studearre keunstskiednis oan de Universiteit fan München. Yn de tritiggerjierren gie er oan it wurk as sjoernalist. Meidat Nannen in grutte, kante en blonde keardel wie, like er in soad op de ideale Ariër fan de Nasjonaalsosjalisten yn it Dútslân fan doe. Dêrom waard er de sprekker by it ôfnimmen fan de Olympyske Eed by de Spullen fan 1936 yn Berlyn. Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Nannen by de SS-Standarte Kurt Eggers, in propaganda-ienheid yn Ytaalje. Nei de kriich waard er wer sjoernalist dy't foar de Hannoverschen Neusten Nachrichten, de krante Abendpost en de Zickzack, in krante ornearre foar de jongerein.
Nanne stichte teffens útjouwerij Gruner + Jahr en it nijsmagazyn Der Stern. Hy joech lieding oan it magazyn fan 1948 oant 1980; it waard yn dy jierren ien fan de sterkste blêden yn Jeropa. It blêd kaam it earst út op 1 augustus 1948.
Nannen waard in ferneamd keunstsamler en goeddogger fan de Kunsthalle yn Emden, dy't er 1983 sette liet. De Henri Nannen Prizen wurde alle jierren ta syn eare útrikt.
Nannen boaske mei Eske Nannen, in earder berneaktrise.
Literatuer
- Oer libben en wurk
- 100 Jahre Henri Nannen. Der Mann, der den stern erfand. stern-edition Nr. 1/2013. Verlag Gruner + Jahr, Hamboarch. Mei bydragen fann Hermann Schreiber, Manfred Bissinger, Michael Seufert, Theo Sommer, Alice Schwarzer, Wibke Bruhns, Stefan Aust, Angelika Jahr en oaren en ynterviiuws mei Robert Lebeck, Julia Jäkel, Mathias Döpfner en Stephanie Nannen.
- Horst Janssen: Brief an Mynher Henri Nannen, Verlag St. Gertrude, Hamboarch 1988, ISBN 978-3-923848-39-3.
- Erich Kuby: Der Fall „Stern“ und die Folgen. Konkret Literatur, Hamboarch 1983, ISBN 3922144330.
- Nils Minkmar: Die doppelte Wundertüte. Wie Henri Nannen den ‚Stern‘ erfand. Yn: Lutz Hachmeister, Friedemann Siering (fannijs útj.): Die Herren Journalisten. Beck, München 2002, ISBN 3-406-47597-3, s. 185–195.
- Hermann Schreiber: Henry Nannen. Drei Leben. Bertelsmann, München 1999, ISBN 3570001962.
- Günther Schwarberg: Das vergess ich nie, Erinnerungen, Göttingen 2007[1]
- Peter Wanjek: Der deutsche Heftroman. Ein Handbuch der zwischen 1900 und 1945 im Deutschen Reich erschienenen Romanhefte, Wilfersdorf (Ganzbiller) 1993, s. 296.
- Ynterviews en sa.
- Gero von Boehm: Henri Nannen. 17. Juni 1983. Ynterview yn: Begegnungen. Menschenbilder aus drei Jahrzehnten. Samling Rolf Heyne, München 2012, ISBN 978-3-89910-443-1, s.26-33
- Gespräche 1991, û.o. mei Klaus von Dohnanyi, Henri Nannen, John Neumeier, Dr. Klaus Murmann, Uwe Seeler u. Giorgio Armani, o.A., Egon Zehnder International, Hamboarch 1992, o. ISBN
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|