Henri Joseph Séverin Babinski (Parys, 2 july 1855 - dêre, 20 augustus 1931), ek bekend ûnder de skûlnamme 'Ali-Bab, wie in Frânsk, yngenieur, gastronoom en auteur fan itensiedersboeken.
Henri Babinski wie in soan fan de Poalske yngenieur Alexandre Babinski, dy't yn 1848 nei Parys emigrearre, en d'Henriette Weren. Hy wie in broer fan de neurolooch Joseph Babinski (1857-1932). Nei deA École polonaise des Batignolles yn Parys gie er yn 1874 de École des Mines dy't er yn 1878 ôfrûne mei in diploma mynbou-yngenieur. Hy waard direkteur fan in sinkmyn yn La Grand-Combe (Gard) en wurke dêrnei 15 jier yn Guyana en oare lannen yn de eksploiraasje fan goudieren en eksploitaasje fan goudminen. Fanôf de iuwwikseling oant syn dea wenne er by syn broer Joseph yn Parys dy't ek frijfeint wie.
Babinski syn ûnderfiningen mei útlânsk iten en drinken makken de ynteresse foar itensieden yn him wekker. Yn 1907 publisearre er ûnder de skûlnamme Ali-Bab it itensiedersboek Gastronomie pratique. Njonken sekuer beskreaune resepten joech it boek ek skiednis fan de itensiederskeunst en diëtyk. Letter wreide Babinski it boek út. De útjefte fan 1928 hie goed 1000 siden. Mei Auguste Escoffier syn Guide Culinaire (1903) jild syn boek as ien fan de standertwurken fan de 20e-iuwske Frânske koken.
Publikaasjes
- Gastronomie pratique, études culinaires, suivies du traitement de l’obésité des gourmands. Flammarion, Parys 1907
- Nije edysje: Gastronomie pratique: Une bible gourmande en 5.000 recettes. Flammarion, Parys 1993, ISBN 2082007286.
- ALI-BAB Gastronomie pratique, études culinaires suivies du traitement de l'obésité des gourmands, Troisième édition entièrement refondue, Parys, Ernest Flammarion éditeur, 1923.