Henk de Jong (Drachten, 27 augustus 1964) is in fuotbaltrainer.

Yn de fuotbalwrâld

As fuotballer

De Jong fuotballe oant syn tweintichste by Drachtster Boys en waard doe troch Foppe de Haan nei de A-seleksje fan SK It Hearrenfean helle. Hy moast troch in knibbelblessuere ophâlde mei fuotbaljen en helle it Oefenmaster-1 diploma.

As trainer

Dêrnei begûn er as jeugdtrainer by de Drachtster Boys en kaam fia Fuotbalferiening Snits as trainer by Heracles Almelo. Dêrnei waard De Jong assistint-trainer ûnder Foppe de Haan by SK It Hearrenfean. Hy waard doe assistint-trainer fan it earste en trainer fan de beloften fan FK Grins. Yn syn tiid by Hearrenfean en Grins wurke De Jong mei spilers as Romano Denneboom, Dennis de Nooijer, Georgios Samaras, Marcus Allbäck, Luis Suárez en Erik Nevland.

Hy wurke as trainer mei trainers as Fritz Korbach, Foppe de Haan, Ron Jans, Gert Jan Verbeek en Jan de Jonge.

Haadtrainer Harkemase Boys

Nei syn perioade by Grins waard De Jong haadtrainer yn it amateurfuotbal. Hy gie oan de slach by Harkemase Boys. Dêr waard er, mei spilers as Oebele Schokker en Martijn Barto kampioen yn de Earste klasse en dêrnei ek direkt yn de Haadklasse. Mei de Harkiten wûn De Jong ek de Noardlike Distriktsbeker.

Kampioen mei Cambuur

Dêrnei helle SC Cambuur De Jong wer nei it proffuotbal ta. Earst wie er dêr assistint-trainer, mar oan de ein fan it seizoen 2012/2013 waard er interim-haadtrainer. Yn dy perioade waard Cambuur kampioen yn de Earste difyzje. Om't De Jong syn trainersdiploma noch net hie, koe er noch gjin definitive haadtrainer wurde. Sa wie er it earste seizoen yn de Earedifyzje wer assistint fan Dwight Lodeweges. Nei't dy yn april 2014 al fuortgie, koe De Jong wer it stokje oernimme. Mei Cambuur einige De Jong op it 12e plak en dat slagge in seizoen letter wer.

Yn it tredde earedifyzjeseizoen gie lykwols alles minder. Cambuur stie ûnderoan en De Jong stapte yn febrewaris 2016 op.

Wer oan de slach

Nei in koarte perioade as kommersjeel manager by FK Grins, gie De Jong yn desimber 2016 wer oan de slach as trainer. Hy waard oannommen by De Graafschap, dat der op dat momint min foarstie yn de Earste Difyzje. De Jong sleepte de klup noch nei de play-offs. Yn syn twadde seizoen promovearre De Graafschap fia de play-offs nei de Earedifyzje. Nei it seizoen 2018/2019 naam er ôfskied fan De Graafschap en gie er wer oan de slach as haadtrainer by SC Cambuur.

Yn syn earste seizoen lei De Jong mei Cambuur op koers foar promoasje, oant de kompetysje as gefolch fan de koroanakrisis ôfbrutsen waard. In jier letter wie promoasje dochs noch in feit en pakte Cambuur op 23 april 2021 ek de titel. Yn augustus 2021 waard de Rinus Michels Award oan him takend.
Yn oktober 2022 hold De Jong om sûnensredenen fuortendaliks op as trainer fan Cambuur. [ 6 ] Yn desimber 2021 wied er al in skoftke ôfwêzich neidat der by him in kyste yn syn holle fêststeld waard en yn maart 2022 makke Cambuur bekend dat De Jong fanwegen syn sûnens it seizoen 2021/22 net ôfmeitsje koe.

Priveelibben

Hy runt mei syn broer René en syn frou Fuotbalskoalle Noard yn Drachten en omkriten en is yn strukteur oan it Bewegingssintrum Drachten. Makke ek plannen foar in fuotbalskoalle yn Snits.

Oersjoch karriêre

  • fuotballer by Drachtster Boys
  • fuotballer by SK It Hearrenfean
  • jeuggdtrainer Drachtster Boys
  • trainer Fuotbalferiening Snits
  • trainer Heracles
  • assistinttrainer by FK Grins
  • assistinttrainer SK It Hearrenfean
  • haadtrainer Harkemase Boys
  • haadtrainer SC Cambuur
  • kommersjeel manager FK Grins
  • haadtrainer De Graafschap
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.