Johannes Hendrik Feldmeijer[1] (Assen, 30 novimber 1910 - Raalte, 22 febrewaris 1945) wie in Nederlânsk fassistysk politikus en lid fan de Waffen-SS. Hy wie lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging, oanfierder fan de "Mussert-Garde" (in op de SS lykjende jongereinbeweging fan de NSB) en ien fan de grûnlizzers fan de Nederlandsche SS dêr't er de foaroanman fan waard.
Oplieding
Yn 1928 kaam er fan de hbs en gong wis- en natuerkunde studearjen oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1932 waard er lid fan de doe krekt oprjochte NSB. Yn 1935 sakke er foar syn kandidaatseksamen en stoppe dêrnei mei syn stúdzje om alle tiid te hawwen foar syn NSB-taken. Yn 1930/31 gie er ûnder tsjinst (by de loftdoelartillery) en waard reserve-offisier, mar yn 1935 krige er út reden fan syn NSB-lid wêzen dien as reserve-offisier.
Aktyf foar it fassisme
NSB-bestjoerder
Fan 1937 ôf krige Feldmeijer hieltyd mear en mear wichtige funksjes yn de NSB. Hy waard bygelyks bestjoerslid fan Der Vaderen Erfdeel, in stichting mei it doel om de "Dietse" geast fan Nederlân te ûndersykjen en te befoarderjen. Feldmeijer fielde him oansprutsen troch de ideology fan de Schutzstaffel (SS). Dêr wie lykwols yn NSB-rûnten net folle romte foar dat hy hie bûten de NSB om kontakten mei SS'ers yn Dútslân.
Yn 1939 rjochte Feldmeijer ûnder tafersjoch fan Meinoud Rost van Tonningen, in rivaal fan Mussert yn de NSB, de saneamde Mussert-garde op, nei foarbyld fan de SS.
Twadde Wrâldkriich
Justjes foar de Dútske ynfal fan Nederlân yn 1940 waard Feldmeijer mei noch in tal NSB-pommeranten fêstset en yn de maaiedagen fan 1940 nei Frankryk oerbrocht, dêr't er op 30 maaie 1940 yn Calais troch de Dútsers befrijd waard. Werom yn Nederlân koe er it rillegau goed fine mei SS-lieder Rauter. Op 11 septimber 1940 waard him hjitten om de Nederlânske SS op te rjochtsjen, tsjin Mussert syn sin yn, dy't neat seach yn de SS. It hie in protte skeel yn de NSB fan gefolgen; mei oan de iene kant Mussert en oan de oare kant Feldmeijer en ek Rost van Tonningen.
De Nederlandsche SS waard lang om let in foarportaal fan de Waffen-SS. In protte Nederlânske SS'ers namen tsjinst by de Waffen-SS en waarden ynset oan it Eastfront. Feldmeijer folge dat foarbyld ek, hy tsjinne yn 1941 by de Leibstandarte-SS "Adolf Hitler" op de Balkan en yn 1942/43 by de SS-division Wiking yn Ruslân. Foar syn optreden by de Waffen-SS krige Feldmeijer û.o. it Izeren Krús.
Werom yn Nederlân krige er de lieding fan Rauter oer it Sonderkommando-Feldmeijer, dat yn 1943 represailles op Nederlânske boargers nei oanslaggen fan it ferset útfierde. Dat barde ûnder de namme Aktion Silbertanne. Ek krige Feldmeijer begjin 1945 it befel oer in bataljon fan Landstorm Nederland. Op 22 febrewaris 1945 waard, ûnderweis nei it front, syn auto besketten troch in alliearde jachtfleanmasine dêr't Feldmeijer by omkaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|