Hendrik Willem ter Haar
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHendrik Willem ter Haar
nasjonaliteit Nederlânsk
berne3 septimber 1922
berteplakEasterwâlde
stoarn19 july 2012
stjerplakIt Heechsân
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amtgeriater
reden
  bekendheid
oprjochter fan de stifting Alzheimer Nederlân

Hendrik Willem (Henk) ter Haar (Easterwâlde, 3 septimber 1922 - It Heechsân (buorskip by Eastermar), 19 july 2012) wie geriater en oprjochter fan de stifting Alzheimer Nederlân. Ek wie hy mei-oprjochter en foarsitter fan Alzheimer Europe en bestjoerslid fan Alzheimer Disease International.

Henk ter Haar is berne op 3 septimber 1922 yn Easterwâlde as soan fan Bearend ter Haar en Reinette Schnitger. Hy folge Gymnasium Alfa en Bêta yn Dimter en studearde dêrnei genêskunde oan Universiteit Leien wêr't hy ek lid wie fan LSV Minerva. Hy troude yn 1947 te Diepenveen mei Vera Elisabeth fan Oyen, se krigen fiif bern. Yn 1954 waard hy húsdokter yn Biezelinge en yn 1964 waard hy ferpleechhûsarts fan Nij Toutenburch yn Noardburgum en klinisk geriater.

Foar syn wurk op it gebiet fan Alzheimer waard hy yn 1983 beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Ta eare fan him waard 10 jier troch Alzheimer Nederlân de Ter Haar Pinning útrikt oan in projekt of persoan dy't him ynsetten hat foar Alzheimer.

Keppeling om utens

  • Minerva
  • Nij Toutenburch
  • Alzheimer Nederlân
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.