Hendrik Wielenga (Menaam, 24 febrewaris 1904 - Waalsdorperflakte, 13 maart 1941) wie in Nederlânske fersetsstrider ûnder de Twadde Wrâldoarloch.

Wielenga wie laborant/elektrotechnikus yn Delft en troud mei Catharina Johanna Ouwersloot. Hy sleat him oan by de Geuzegroep om Bernardus IJzerdraat hinne, en wie lieder fan de Geuzen yn Delft.

Nei syn arrestaasje oant syn dea siet Wielenga fêst yn it Hûs fan Bewar yn Skeveningen (it Oranjehotel). Hy wie ien fan de feroardielden út it Geuzeproses. Hy waard ta de dea feroardiele en op 13 maart 1941 fusillearre op de Waalsdoarperflakte, gemeente Wassenaar.

Hendrik Wielenga is ien fan de achttjin yn it gedicht Het lied van de achtien doden fan Jan Campert. Wielenga waard opnij beïerdige op it gemeentlik begraafplak Jaffa te Delft, grafnûmer 259.

Yn Schiedam en Delft binne strjitten nei him ferneamd.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.