Hendrik Johannes Bergveld | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik Johannes Bergveld | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 desimber 1902 | |
berteplak | Appelskea (Fryslân) | |
stoarn | 14 oktober 1966 | |
stjerplak | Easterwâlde (Fryslân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
wurk | ||
taal | Nedersaksysk (Stellingwerfsk) Nederlânsk | |
sjenre | koarte ferhalen, poëzij, non-fiksje | |
útjouwer | Stellingwarver Schrieversronte | |
jierren aktyf | ±1930 – 1966 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Hendrik Johannes Bergveld (Appelskea, 20 desimber 1902 – Easterwâlde, 14 oktober 1966) wie in Frysk skriuwer en dichter, dy't as ien fan 'e wichtichste figueren fan 'e Stellingwerfske literatuer yn 'e tweintichste iuw sjoen wurdt. Hy publisearre koarte ferhalen, gedichten en folkekundich wurk. Boppedat wie Bergveld de betinker fan 'e hjoeddeistige Stellingwerfske stavering.
Libben
Bergveld waard yn 1902 berne yn Appelskea, yn 'e súdeasthoeke fan 'e Stellingwerven. Al foàr de Twadde Wrâldoarloch skreau er koarte ferhalen, rymkes en gedichten, dy't er publisearre yn it tydskrift De Oost-Stellingwerver. Nei de oarloch gie er dêrmei troch yn it blêd De Nieuwe Oost-Stellingwerver. Behalven literêr wurk skreau Bergveld ek folkekundige en geakundige artikels oer de Stellingwerven en de skiednis en befolking fan dy krite. Tegearre mei Martinus Bakker wurdt Bergveld beskôge as de wichtichste eksponint fan 'e tweintichste-iuwske Stellingwerfske literatuer út it tiidrek foarôfgeande oan 'e oprjochting fan 'e Stellingwarver Schrieversronte, yn 1972. Bergveld kaam yn 1966 te ferstjerren, goed twa moanne foar syn 64e jierdei.
Neilittenskip
It meastepart fan Bergveld syn ferhalen en gedichten waard postúm troch de Stellingwarver Schrieversronte útjûn yn 'e bondels De Oolde Pook (1971) en Klaeterjaegers (1976). In trêde bekend wurk fan Bergveld wie it Nederlânsktalige artikel De Stellingwervers en Hun Dialect, dat oarspronklik ferskynde yn 'e Drentsche Volksalmanak fan 1949. Yn 2013 kaam ûnder redaksje fan Henk Bloemhoff by de Stellinwarver Schrieversronte it boek Bergveld Lest Veur uut Eigen Wark út, wêryn't de eardere trije teksten feriene binne mei stikken en artikels dy't inkeld beskikber wiene út âlde kranten of dy't noch net earder yn druk ferskynd wiene.
Bergveld brûkte foar syn wurk hast syn hiele libben in lêsbere, konsekwinte stavering, dy't benammen oansleat by de skriuwgewoanten yn Drinte, mar tagelyk ek rekken hold mei de útgongspunten fan 'e Nederlânske stavering. Oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren waard Bergveld syn stavering oernommen troch de Stellingwarver Schrieversronte, dy't him yn 1976 fêstlizze liet as de offisjele stavering fan it Stellingwerfsk.
Yn 1981 waard troch de Fryske gemeenten Weststellingwerf en Eaststellingwerf mienskiplik de H.J. Bergveld-priis ynsteld. Dy wurdt mei tuskenskoften fan inkele jierren takend foar skreaun of sprutsen Stellingwerfsk fan literêr of taalkundich aard, wêrfoar't wurk út sawol Fryslân, Drinte (Smilderlân) as Oerisel (Stienwikerlân) yn oanmerking komt.
Wurk
- 1949 – De Stellingwervers en Hun Dialect (yn: de Drentsche Volksalmanak)
- 1971 – De Oolde Pook
- 1976 – Klaeterjaegers
- 2013 – Bergveld Lest Veur uut Eigen Wark
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |