Hendrik Antoon Pothast (Nijmegen, 13 augustus 1847Amsterdam, 1 oktober 1924) wie in Nederlânske skilder.[1]

Libben en wurk

Amor mei pylk en bôge (1906)
Amor mei hert (1906)

Pothast wie in soan fan haadmaster Coenradus Pothast (1800-1877) en Elisabeth Hoogveld (1820-1853). Hy wie dekoraasjeskilder en portretskilder; hy skilderde teffens sjenrestikken. Pothast die ûnder mear mei oan in oantal tentoanstellingen fan Libbene Masters.[2]

Pothast boaske yn 1875 oan Catharina Anna Christina Verhaaren (1850-1903). De húshâlding Pothast-Verhaaren wenne yn Roermond, Halle (om 1878-1883), Amsterdam (1883-1902), De Haach (1902-1903) en fan 1903 ôf wer yn Amsterdam. Ut it houlik waarden ûnder oaren de lettere skilders Willem (1877-1916) en Bernard (1882-1966) en ûnderwizer Joseph Pothast (1890-1960) berne. Dy lêste troude mei ûnderwizeres en berneboekeskriuwster Christina Elizabeth Gimberg.

Pothast stoar yn de âldens fan 77 jier. Hy waard beïerdige op it roomsk-katolike begraafplak Buitenveldert.

In pear wurken

  • Portret fan jonkhear Willem Philip Teding van Berkhout (1884), Hofke fan Noblet
  • Portretten fan J.J.A.L. Beuns (1884), J.E. Basquin (1884) en J.H. Schmier (1896?), reginten fan it hûs Brentano's Steun des Ouderdoms
  • Portret fan Gajac (1886), Museum Hilversum
  • Portret fan J. Vernieuwe (1886), Museum Ons' Lieve Heer op Solder
  • Portretten (pedanten) fan Douwe Jan Vincent van Sytzama (1886) en Adriana Janke Albarda, Frysk Museum
  • Portret fan pastoar J.W. Brouwers (1889) yn Bovenkerk
  • Portret fan Samuel Anne van Hoogstraten (1892)
  • Portret fan Johannes Galenus van Sytzama (1893)
  • Skilderingen fan Amor mei hert, Amor mei pylk en bôge en musisearjende putty (1906), Herengracht 582, Amsterdam.

Portretten

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RKD
  2. Pieter A. Scheen (1969) Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950. De Haach: Kunsthandel Pieter A. Scheen N.V. Folume 2, s. 193.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.