Helsingborg
FlaggeWapen
Polityk
Lân Sweden
ProvinsjeSkånelân
GemeenteHelsingborg
Sifers
Ynwennertal113.816 (2020)
Oerflak38,41 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens2.529 / km²
Hichte10 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.helsingborg.se

Helsingborg is de haadstêd fan de gemeente Helsingborg yn de provinsje Skânelân en it lânskip Skâne; dit binne de súdlikste provinsje en it súdlikste lânskip fan Sweden. Helsingborg hie 91.457 ynwenners yn 2005.

Geografy

Helsingborg leit oan it smelste part fan de Sont, tsjin de Deenske stêd Helsingør oer. Der is in tige frekwinte fearferbining tusken beide stêden, mei in reistiid fan 20 minuten, net mear as in trem yn in grutte stêd. Helsingborg is in yndustryplak fan belang en hat de twadsgrutte haven fan Sweden. Besuden Helsingborg mûnet de rivier Råån yn de Sont út.

Skiednis

Helsingborg, oarspronklik in Deenske stêd, is ien fan de âldste stêden yn it Sweden fan no. Ut reden fan syn strategyske lizzing hat der in soad striderij om de stêd west.

De earste fernijing fan de stêd wie yn in oarkonde út 1085. Fan 1360 ôf oan stie de stêd ûnder ynfloed fan de Hânze. Oant 1658 wie de stêd Deensk en yn 1676 en 1677 op 'en nij. Letter waard de stêd oan Sweden oerdroegen.

It besjen wurdich

  • Stortorget (gemeentehûs)
  • Kärnan (toer)
  • Park Slottshagen
  • Jakob Hansen Hûs (fakwerkhûs)
  • Mariakyrkan (tsjerke)
  • Stedsmuseum
  • Vikingsberg Keunstmuseum

Stedsdielen

Stedsdielen fan Helsingborg
(Yndieling en ynwennertal op 1 jannewaris 2007)[1]
Kaart fan Helsingborgs stedsdielen
1 Norr (3561) 12 Sintrum (3318) 22 Närlunda (1123)
2Mariastaden (2497) 13Eneborg (3859) 23Eskilsminne (1849)
3Ringstorp (2788) 14Wilson Park (2043) 24Gustavslund (2803)
4Berga (1694) 15Rosengården (4417) 25Planteringen (2673)
5Drottninghög (2808) 16Husensjö (1603) 26Elineberg (2138)
6Dalhem (4610) 17Sofieberg (1607) 27Ramlösa (4586)
7*Tågaborg (7155) 18Adolfsberg (4284) 28Miatorp (2426)
8Stattena (2546) 19Söder (3680) 29Högasten (983)
9Fredriksdal (4236) 20Högaborg (4083) 30Ättekulla (3751)
10Slottshöjden (3548) 21Fältabacken (962) 31Råå (3022)
11Olympia (1847)
*Tågaborg bestiet statistysk út twa parten, op de kaart as 7a en 7b Tågaborg N (7a) och Tågaborg S (7b) oanjûn.

Klimaat

Klimaattabel

[2]

Moannetrochsneedjanfebmaaaprmaaiejunjulaugsepoktnovdes
Maksimum-trochsneed temperatuer2461216192122181263
Minimum-trochsneed temperatuer-1-103711131310630
Delslach40.14336.831.657.3807374.150.47048.551.9

Berne yn Helsingborg

  • Hasse Alfredson, komyk
  • Marianne Bernadotte, earder model en aktrise
  • Elsa Collin, aktrise
  • Dietrich Buxtehude (1637-1707), komponist (of faaks Bad Oldesloe)
  • Sven Nordqvist (1946), skriuwer en yllustrator berneboeken
  • Lars Vilks (1946), keunstner
  • Gunnar Nilsson (1948 - 1978), Formule 1-koereur
  • Stellan Skarsgård (1951), akteur
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Helsingborgs stêd: "Folkmängd efter ålder 1 januari 2007" Berjocht:Pdf
  2. MSN Weather - Helsingborg, SWE
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.